Kees 't Hart
Kees 't Hart (De Haach, 12 july 1944) is in Nederlânsk skriuwer en dichter.
Wurkpaad
bewurkje seksjeKees 't Hart studearre Nederlânske taal- en letterkunde oan de Universiteit fan Amsterdam, wurke yn it ûnderwiis as dosint en letter as stúdzjebegelieder Kultuerwittenskippen by de Open Universiteit Nederland. Hy skreau romans, poëzy- en ferhalebondels en in samling essays. Tusken 1994 en 1999 wie hy redakteur fan it literêr tydskrift De Revisor en hy makke foar it fuotbaltydskrift Hard Gras in apart nûmer oer de sportclub It Hearrenfean. Syn ûnderfinings mei de club foarmen de grûnslach foar it deiboek Het mooiste leven… (2001). 't Hart skriuwt resinsjes foar opinyblêd De Groene Amsterdammer en wennet sûnt 2004 yn De Haach.
Prizen
bewurkje seksje- 1997 - Piter Jelles-priis foar de roman Blauw Curaçao
- 2000 - Multatulipriis foar De revue
- 2000 - Ida Gerhardt Poëzypriis foar Kinderen die leren lezen
- 2016 - J. Greshoff-priis foar Het gelukkige schrijven
Bibliografy
bewurkje seksje- 1988 - Vitrines (ferhalen)
- 1989 - Land van genade (roman)
- 1990 - De neus van Pinokkio (roman)
- 1992 - Zwembad (roman)
- 1996 - Blauw Curaçao (roman)
- 1998 - Kinderen die leren lezen (poëzy)
- 1998 - Overlezen (essay)
- 1999 - De revue (roman)
- 2001 - Het mooiste leven... ( dokumintêre)
- 2002 - De ziekte van de bewondering (essays)
- 2004 - Ter navolging (roman)
- 2005 - Grasbladen (neffens Walt Whitmans Leaves of Grass (1855)) (redaksje Jacob Groot en Kees 't Hart) (ISBN 9021487586)
- 2006 - De Krokodil van Manhattan (roman)
- 2007 - De Kunst van het Schrijven (stúdzje)
- 2007 - The Road to Camden (Ingelske oersetting fan "Camden", útjefte fan Rain Taxi Minneapolis)
- 2008 - Wees niet wreed (karlêzing mei gedichten oer Elvis Presley, tegearre mei John Schoorl)
- 2008 - Ik weet nu alles weer (poëzy)
- 2008 - De keizer en de astroloog (roman, ferskynde 23 oktober)
- 2010 - Pleidooi voor arrogante romankunst (Kellendonklêzing 2010)
- 2010 - "Onvermijdelijke voetbaltaal" (mei Jan 't Hart en Hans Vonk)
- 2010 - Engelvisje & andere verhalen (ferhalen)
- 2012 - Hotel Vertigo (roman)
- 2014 - Teatro Olimpico (roman)
- 2015 - Het gelukkige schrijven (essays)
- 2017 - Wederzijs (roman)
- 2019 - De ziekte van Weimar (histoaryske roman)