Fjouwerhûs (Reahel)

Fjouwerhûs is in buorskip yn de gemeente De Fryske Marren. Fjouwerhûs leit oan de Marwei besuden Rotsterhaule, net fier fan de Tsjûkemar. Der leit in betonwei nei Allingawier en hy leit oan it trochgeande fytspaad nei Parregea. Hy stiet al oanjûn op in kaart fan 1718 fan Bernardus Schotanus á Steringa. Hy is in terp oan de eardere Makkumermar dy't yn 900 ûntstean wêze moat. Der moat ek al in mole stien hawwe. Oant begjin 20e iuw stienen dêr fjouwer huzen: twa pleatsen en twa arbeidershúskes. Yn 2008 binne allinnich de beide pleatsen noch oer.

Fjouwerhûs
De oerstreaming yn Fjouwerhûs, troch D.P. Sjollema

De buorskip Fjouwerhûs is swier teistere troch de oerstreaming fan febrewaris 1825.

It âlde gemaal by Fjouwerhûs is ferfongen troch twa nije gemalen. De pompkapasiteit is dêrtroch ferbettere. It gebiet 'De Skarlannen' hat no in ferlege peil krigen.

Foar 30 juny 1934 foel de buorskip ûnder de gemeente Skoatterlân. Per 1 july 1934 gie it oer nei de gemeente Haskerlân. Yn 1984 gie it grutste, noardlike gedielte oer nei Skarsterlân en it súdlike mei it doarp Dolsterhuzen nei de gemeente Lemsterlân. It diel ûnder Lemsterlân hat mar in pear huzen, mar hat wol wite plaknammebuorden, krektas it diel ûnder Reahel.

De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
· · Berjocht bewurkje