Eastersee
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Lemsterlân | ||||
Ynwennertal (2010) | 945 (mei omkriten) | ||||
Webstee | www.oosterzee.com |
Eastersee is in doarp yn de gemeente Lemsterlân, oan de súdkant fan de Tsjûkemar. It hat twa kearnen, Eastersee-Buorren en Eastersee-Giterskebrêge. It hiele doarp hat likernôch 945 ynwenners (1 jannewaris 2010).
De Buorren is de âldste kearn fan it doarp; Giterskebrêge is it part wat hjoeddedei it meast mei de namme Eastersee oantsjut wurdt. Eastersee wie eartiids in wichtich doarp. Yn 1132 wurdt it neamd. Eastersee wie it eardere haadplak fan Easterseesterlân en letter, oant 1640, fan Lemsterlân. Eastersee wie ûnderdiel fan it Lemster Fiifgea.
De state ‘Eastersee’ stuon oan de Feandyk tusken de brêge en de tsjerke en wie yn 1642 bewenne troch de grytman Freark fan Roorda.
Tusken 14 april 1892 en 1993 wie yn Eastersee de molkfabryk "Lemsterland". It terrein is letter beboud mei huzen en in haven foar de wettersport. Oant 1974 hat der in gersdrûgerij stien.
Yn Eastersee wie tusken 1968 en 1991 en dependans fan it Limnologysk Ynstitút, sûnt 1992 Limnologisch Centrum fan it NIOO yn Wageningen. It labotatoriumgebou is no it "Watersportcentrum Tjeukemeer".
DoarpsbyldBewurkje
It eardere rjochtshûs De Beverkooy, Buorren 19
Iepenbier FerfierBewurkje
- Line 48: It Hearrenfean - Rottum - Sint Jansgea - Rotsterhaule - Reahel - Fjouwerhûs - Dolsterhuzen - Ychtenbrêge - Ychten - Eastersee - De Lemmer vv.
BefolkingBewurkje
StrjittenBewurkje
Boekeleane, Buorren, De Ikkers, De Grieën, Giterskefeart, Grytman Roordastrjitte, Hearewei, Holsteinpaad, Landmanswei, Menso Poppiusstrjitte, Molewei, Slûspaad, Feandyk, Westein, Suvelwei.
BoekBewurkje
- J. Boorsma-de Jong e.a. (red.) "Skiednis fan Eastersee. As in faas mei blommen". De werkgroep Geschiedenisboek Oosterzee, juni 2000. ISBN 90-9013932-X