Kop fan Oerisel
De Kop fan Oerisel is in regio yn it noardwesten fan de provinsje Oerisel. It gebiet komt tsjintwurdich hast oerien mei de gemeente Stienwikerlân en it histoaryske Lân fan Follenhove. Histoarysk besjoen wurdt ek Swartslûs yn de gemeente Swartewetterlân ta it gebiet rekkene.
De namme is in ferwizing nei de lizzing binnen Oerisel — yn it noarden, wylst it gebiet hast hielendal troch oare provinsjes (Fryslân, Drinte en Flevolân) omsluten is.
De grutste plakken binne Stienwyk, Genemuiden en Aldemerk. Ek Follenhove en Hasselt binne frijwat grutte plakken. In bekend plak is Giteren, dat ek wol Hollânsk Feneesje neamd wurdt.
Yn de Kop leit it 10.000 ha grutte Nasjonaal Park Weerribben-Wieden, ekologysk sjoen ien fan de wichtichste sompegebieten yn Jeropa.