Nasjonaal Park Weerribben-Wieden
It Nasjonaal Park Weerribben-Wieden is in nasjonaal park yn de Nederlânske provinske Oerisel yn de gemeenten Stienwikerlân en Swartewetterlân. It nasjonaal park is it grutste oaniensletten leechfeansompe yn Noardwest-Jeropa. It park waard yn 1992 stifte en doe hiet it park it Nasjonaal Park De Weerribben en omfieme it allinnich De Weerribben, in gebiet fan 3.500 hektare dat yn behear by Steatsboskbehear wie. Yn 1996 waard it Jeropeesk diploma foar Natoerbehear oan it gebiet takend, itjinge sûnt 2015 foar it gânse gebiet jildt. Yn 2009 waard it park útwreide mei De Wieden, in oar Natura 2000-gebiet, dat foar it grutste part yn behear by Natoermonuminten wie. It ophelpen fan de ekologyske ferbining tusken De Wieden en De Weerribben waard wiermakke en it nasjonaal park krige in oerflak fan 10.500 hektare.
Nasjonaal Park Weerribben-Wieden | ||
De Weerribben | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Oerisel | |
koördinaten | 52° 47' N 5° 57' E | |
oare ynformaasje | ||
status | nasjonaal park | |
oerflak | 105 km² | |
stifting | 1992 | |
behear | Natoermonuminten | |
kaart | ||
It gea fan De Weerribben en De Wieden is ûntstien benammen troch feanterij en it snijen fan reid. Dy metoaden fan oanmeitsjen en eksploitaasje laten ta in mozayk fan lânskipstypen en ekosystemen lykas marren, sleatten, fearten, reidlân, miedlân, greiden, sompebosk en trilfean. De ferskate stadiums fan ferlâning,fa iepen wetter oant opgeand sompebosk, jouwe it gebiet in grut ekologysk ferskaat, dêr't seldsume plantesoarten en bisten harren thús fiele. Yn it nasjonaal park waarden yn 2002 otters útset. Dy kamen oarspronklik yn it gebiet foar, mar stoaren yn de 1980-er jierren út. Hja hawwe har sûnt de weryntroduksje yn 2002 fannijs yn it gebiet fêstige, en dêr wei ferspraat oer oare parten fan Nederlân. Yn it nasjonaal park komt in seldsume flintersoarte foar: de grutte fjoerflinter. It gebiet is fan belang foar in tal oare sooarten planten en bisten.
Galery
bewurkje seksje-
Nasjonaal Park Weerribben-Wieden
-
Besikerssintrum Ossensyl
-
Weerribben
-
Wetterpomp yn De Weerribben
-
Kanofarder yn De Weerribben
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |