Boarnsweach
Boarnsweach is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, oan de súdkant fan de Langwarder Wielen. It is net folle mear as in samling bungalow- en karavanparken en in pear pleatsen. It doarp leit oan de súdouwer fan de Langwarder Wielen, en oan de lofterouwer fan de Skarster Rien. Der is in jachthaven. Yn de simmer kinne fytsers en fuotgongers de Skarster Rien oerstekke mei in fearpontsje.
Boarnsweach | ||
De Sweachmermole | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 100 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8526 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 58' NB, 5° 45' EL | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Boarnsweach yn de eardere gemeente Skarsterlân |
It doarp hat 100 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
Namme
bewurkje seksjeDe namme is gearstald út boarn en sweach. It earste part ferwiist nei de famyljenamme Benninga en net fan in wetter of boarne. De "r" komt yn âldere farianten fan de namme net foar. It twadde part, sweach betsjut sokssawat as "miene greide". It doarp komt yn 1275 foar as Benningaswach, yn de fyftjinde iuw as Bonswage, yn 1456 as Bonningswaech. Yn de sechtjinde iuw wurdt it earste part fan de namme ferkoarte ta bon of boen. Ek komt de namme wolris ferkoarte ta allinnich Zwaech yn 1511 of Swaeg njonken Bonswaeg. Yn 1664 komt op de kaart fan Schotanus Boonswaeg foar, dochs yn de tekst stiet Boornswaegh. Dat is de earstekear dat de "r" yn de namme foarkomt, want op kaarten mei Fryske farianten útt ein sechtjinde iuw is it noch Bonsweg. Om 1700 hinne komt Bornswaag foar en fan de njoggentjinde iuw ôf is it Boornzwaag/Boarnsweach. De "r" sil nei alle gedachten yn de namme kommen wêze troch it brûzjend wetter, lykas in syl yn de dyk.[2]
Skiednis
bewurkje seksjeIt doarp is ûntstien op in sânrêch yn de streek fan feansompen. De Buorren foarmen de ûntginningsas. It doarp lei geunstich oan de Langwarder Wielen en dêrmei foar alderhande wetterferbinings. Om 1600 hinne ûntwikkele it him ta hannels– en havenplak. De skipfeart foarme in wichtige boarne fan ynkomsten.
Troch de lizzing oan de Langwarder Wielen is yn de rin fan de iuwen in diel fan it doarp yn de weagen ferdwûn. Der bestiet in âld ferske oer:
Ieuwenlang hat weach op weach
dy begnibb’le, lyts Boarnsweach.
Noarderbuien binnen komd,
ha dyn tsjerke en deaden nomd.
Strider tsjin de boaze mar,
bliuw in freon fan âld Langwar.
It tsjerke is ôfbrutsen yn 1693 en letter is ek de klokkestoel ôfbrutsen. Boarnsweach hat ea in earmenhûs, in skipshelling en ek fan 1887 - 1909 in bûterfabryk, dy't sette litte is troch jonkhear Van Eijsinga. Op dat stee is letter it badpaviljoen komd doe't yn Skarsterbrêge in nije bûterfabryk boud waard, it lettere Nestlé-fabryk.It bûterfabryk hat fan 1887 - 1909 yn gebrûk west.
Oant de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1984, wie Boarnsweach part fan earst de gritenij en nei 1851 de gemeente Doanjewerstâl. Fan 1984 oant 2014 hearde it doarp by de gemeente Skarsterlân, dy't yn 2014 opgie yn de nije gemeente De Fryske Marren.
Sweachmermole
bewurkje seksjeBy Boarnsweach stiet de Sweachmermole út 1782. De nôt- en poldermole waard troch de eardere grytman, jonkhear Frans Julius Johan van Eijsinga sette litten. De mole hat oant 1925 wurke, doe waard der em elektrysk gemaal boud. In neisiet fan de Eijsinga's hat in stifting mei oprjochte om de mûne te behâlden. Yn 1949 waard de "Stichting tot instandhouding van de Langweerder molen" oprjochte. Dy stifting makke dat de mole wer wetter út de polder meale koe.
Befolking
bewurkje seksje1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|
130 | 135 | 104 | 100 | 101 | 100 | 100 |
Strjitten
bewurkje seksje- Aldewei - nei de âlde feart dy't fan Langwar nei Snits rûn.
- Boarnsweachsterdyk - ferbining Boarnsweach mei Langwar
- Hoarsewei - nei it wetter de Hoarsewei.
- Houtfeartwei - rint lâns de Houtfeart. Waard brûkt foar fefier fan hout út de bosken fan Hústerheide.
- Mûzekamp - Nei in stik loân mei deselde namme neamd. Syddyk fan de Pontdyk nei de Fammensrakken.
- Pontdyk - rint nei de pont oer de Langwarder Feart. Ferbynt Langwar mei de eardere Rykswei 43.
- Rodenburgwei - Fan de Pontdyk nei it Stobberak. De famylje Rodenburg hie hjir in pleats.
- Rykswei - nei Rykswei 43, de ferbining It Hearrenfean-Snits.
- Skarsterleane - Leane lâns de Skarster Rien dy't de Langwarder Wielen mei de Tsjûkemar ferbynt.
- Wielenleane - Leane by de Langwarder Wielen. In wiel is in poel dy't ûntstiet nei in dyktrochbrek of oerstreaming.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|