Bantegea
Bantegea | |
---|---|
![]() | |
gemeente | De Fryske Marren |
Gritenij | {{{gritenij}}} |
Stimmen | {{{stimmen}}} |
Ynwenners (2009) | 670 |
Huzen | {{{huzen}}} |
Koördinaten | 52° 50' NB, 5° 47' EL |
Netnûmer | 0514 |
Postkoade | 8538 |
Webstee | www.bantega.net |
Bantegea (Bantega) is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren (earder yn Lemsterlân), mei 670 ynwenners (1 jannewaris 2009). Mar 70 fan de 230 huzen stean yn de buorren. Op it begraafplak stiet in klokkestoel.
SkiednisBewurkje
Bantegea is it jongste doarp fan Lemsterlân. Nei de Twadde Wrâldkriich krige de buorskip Ychtenpolder de doarpstatus en waard Bantegea. Die namme is ôflaat fan it plak Bandt, dat yn it ferline fuortspield waard troch de Sudersee. Oan de oare kant hat it doarp in tige âlde skiednis. In archeologyske fynst jout oan dat yn it tiidrek 8000 - 4000 foar Kristus jagers wolris in kampemint hân hawwe op it plak dêr't no Bantegea leit.
GebouwenBewurkje
- Rohobothtsjerke fan Bantegea
- It Klokhús
MienskipBewurkje
It sosjaal kultureel sintrum fan it doarp hjit De Pomp. De wetterpomp wie earder yn it doarp it sintrale plak dêr't men inoar trof. It sit yn it gebou fan de eardere kristlike skoalle dy't yn 1985 mei de iepenbiere skoalle fusearre en yn in nij gebou De Reinbôge kaam. Yn 2001 hat der in grutte ferbouwing west. Yn it gebou sit ek pjutteboartersplak 't Brechje. Der binne seis buertferienings (2010): Otterwei, Middenwei Noard, Middenwei Súd, Bandsleat, Kooisleat/Wijmawei en De Kolk. De Oranjeferiening organisearret Keninginnedei en de doarpsdei yn juny. Yn de simmer wurdt de jierlikse autocross organisearre. Oan de Bandsleat sit Berneboartersparadys Bal-lorig.
Der is alle jierren in doarpsfeest. Om it jier wurdt der in Oldtimerdei hâlden.
BefolkingBewurkje
FerieningsBewurkje
- iisclub De Polder
- Oranjeferiening
- Op Nij Feriene - toaniel
- Fuotbalferiening EBC - mei Eastersee
- Gymnastykferiening WATS: treent op De Lemmer en yn Ychten.
- Lady Jam (Bodyshape en Pilates)
- The Krontjong Music Band
- Little village dancers (country dance)
StrjittenBewurkje
Bânsleat, Breedskar, Broekenwei, Bûtendyksfjild, Gritenijdyk, Heksleat, Jachtkamp, Klynsmafeart, Koaisleat, Master Wijmawei, Middenwei, Otterwei, Ringfeart, Skoatterdyk, Skoatteruterdiken, Skoattersyl, Woarstsleat.
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |