Bânsleat
De Bânsleat is in wetter yn de gemeente De Fryske Marren. De feart rint yn de Feanpolder fan Ychten en rint fan de iisbaan by Bantegea nei it easten. Fierder eastlik giet de feart mei in bocht oer yn de Klynsmafeart.
De namme Bânsleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Bandsloot.