In oranjeferiening is in feriening yn Nederlân dy't him dwaande hâldt mei in breed skala oan aktiviteiten. Faak steane dy yn ferbân mei de fiering fan Keningsdei (oranje ferwiist nei it Hûs fan Oranje-Nassau, de Nederlânske keninklike famylje). Mar oranjeferienings kinne likegoed belutsen wêze by aktiviteiten dy't yn 'e rest fan it jier holden wurde. Sa organisearje se gauris de pleatslike betinking yn it ramt fan 'e Nasjonale Deadebetinking, op 4 maaie, en de pleatslike festiviteiten yn it ramt fan Befrijingsdei, op 5 maaie. Fierders binne se yn lytsere plakken net selden belêstge mei de organisaasje fan it jierlikse doarpsfeest of de pleatslike merke.

Hast eltse gemeente yn Nederlân hat wol ien of mear oranjeferienings, meastal ien per doarp of stêd. It komt ek foar dat guon doarpen tegearre ien oranjeferiening hawwe. Yn lanlik ferbân binne oranjeferienings oansletten by it Bûn fan Oranjeferienings.

De âldste oranjeferiening fan Nederlân is dy fan Bathmen, yn Sallân, dy't oprjochte is yn 1814 ta gelegenheid fan in besite oan dat plak fan kroanprins Willem, de lettere kening Willem II. Dat besyk hold ferbân mei it feit dat doe by Bathmen ôfdielings fan 'e Nederlânsk Nasjonale Milysje, Russyske kozakken en Prusyske legerienheden har kampeminten opslein hiene. Mei tûzen hasten waard doe troch de pleatslike notabelen in komitee oprjochte om 'e prins te ferwolkomjen en de bân fan Bathmen mei it Hûs fan Oranje-Nassau út te drukken.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: