Doarpsfeest
In doarpsfeest is in feest dat fierd wurdt yn en troch in doarp, en dêr't (hast) it hiele doarp oan meidocht. Yn Fryslân hat de grutte mearderheid fan 'e doarpen in doarpsfeest, dat meastal ienris yn it jier holden wurdt. Ornaris duorret it twa of trije dagen (faak fan tongersdei oant en mei sneon), mar by lytsere doarpen komt it foar dat it mar ien dei feest is. By gruttere doarpen nimt it doarpsfeest net selden de foarm oan fan in merke (lykas it gefal is by de Rypster Merke), hoewol't der njonken de merke-attraksjes ek oare aktiviteiten organisearre wurde.
Der binne ferskate aktiviteiten dy't hast altyd diel útmeitsje fan in doarpsfeest. Dêrby moat men tinke oan ien of mear sportwedstriden. Sa is, alteast yn noardwestlik Fryslân, keatsen in ûnmisber ûnderdiel fan elts doarpsfeest. Dêrnjonken komme fuotbal en darts, om mar wat te neamen, ek foar. Fierders wurde der faak "Aldhollânske" spullen organisearre, lykas koekhappen, sekrinnen en sjoelen. Ek wurdt der gauris in optocht holden mei fersierde weinen, makke troch de bewenners fan ferskillende strjitten. De as moaiste beoardiele wein wint dan in priis. De jûns is der yn 'e regel live-muzyk, fersoarge troch in band yn in grutte feesttinte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|