Merke
In merke (Nederlânsk: kermis of foor) is oarspronklik in jiermerk by gelegenheid fan de wijingsdei fan de parochytsjerke fan in plak.
Op dy dei kaam it folk by elkoar om de patroanhillige te earjen en foar ferdivedaasje. Yn de stêd hat de merke meast syn bân mei it religieuze feest dat der de grûn fan wie ferlern, mar op in protte doarpen, benammen katolike doarpen, binne beide noch mei elkoar ferbûn en wurdt der op wijingsdei in prosesje hâlden.
Merken duorje mest in stikmannich dagen en hawwe har ûntjûn ta in kommersjeel evenemint. Yn it ferline wie in merke faak ien fan mar inpear útgeansmooglikheden. De Tilburgske merke is de grutste merke fan de Benelux wurden.
Namme
bewurkje seksjeIt Fryske merke is besibbe oan 'merk'. It Nederlânske Kermis is in ferbastering fan 'tsjerkemis' (kerkmis of kerke-misse).
De attraksjes
bewurkje seksjeMerken hawwe faak deselde soarten attraksjes. Foarbylden binne de draaimoles, rupsbanen en spûkhuzen, mar ek "skommels" lykas de KMG Afterburner (skommeljende soarte fan bingel mei in beskaat tal draaiende gondels deroan), de "Breakdance" (dy't ôflaat is fan de "Calypso"), de "triprides" de "Boosters" en de Capriolo's. Fan alle neamde soarten binne der ek noch ferskate typen fan mear as ien attraksjebouwers. Foarbylden dêrfan binne HUSS Park Attractions, KMG, Far Fabbri en Zamperla.
Merke en mienskip
bewurkje seksjeTusken de merke en maatskiplike organisaasjes hat faak in soarte haat-leafdeferhâlding bestien. De merke wie foar in soad minsken it iennige fersetsje yn it jier, en at der jild wie koe dat liede ta sûperij mei fan gefolgen: dronkemanstafrelen, fjochterij, en frijpartijen bûten it houlik om. Ek beskate attraksjes wie striderij oer, lykas eroatysk kleure, as sels plan-út seksuele, opfieringen yn sletten tinten (hoochie-coochie-tinte), kwelspulen as katkneppeljen, weddenskippen en gokspullen, en de Sterke Man. De merke waard sadwaande benammen troch de hegere boargerij as ûnbeskaafd sjoen en as in boarne fan moreel ferfal.
Stedsbestjoeren en gilden namen maatregels om it besykjen fan de merke te ûntmoedigjen, faak oantrune troch de begoedige boargerij. Sa waarden ek yn de 19e iuw troch stêden maatregels tsjin merken naam, bygelyks troch se te beheinen as ôf te skaffen. Dat waard troch it folk net altyd begrepen: de hegere boargerij hie genôch jild neffens har om it hiele jier troch wille te hawwen en har waard de iennige útdei ûntsein. Yn Amsterdam late dat ta it meast ferneamde Merke-oproer, mar ek yn oare stêden brieken merkerebûljes en protesten út.
Merke yn Fryslân
bewurkje seksjeYn de rin fan de 20e iuw binne it tal merken lytser wurden. Yn de jierren fyftich jout de Provinsjale Almanak noch goed 50 merken, dy't faak kombinearre wurde mei in merk. Ferneamde Fryske merken binne: Gerdykster merke, Burgumer merke, Jouster merke, Rypster merke en dy fan Grou, Ljouwert en Snits. July oant oktober binne de measte merken. [1]
Kermis yn West-Fryslân
bewurkje seksjeMeast wurde yn Nederlân merken hâlden op it plein dêr't de merke-attraksjes binne, mar yn West-Fryslân is it barren yn in sintraal lizzend kafee as doarpshûs.
Literatuer
bewurkje seksje- Een roes van vrijheid. Kermis in Nederland fan G.H. Jansen. Boom, Meppel/Amsterdam, 1987.
- Kermis. Yn: Prettige feestdagen. Utrechtse feesten in heden en verleden, G.H. Jansen. Stichting De Plantage, Utert, 2004..
- Draaiboek van een kermisgek. De Tilburgse kermis in de jaren 60., fan Lauran Wijffels; útj. Europese bibliotheek, Zaltbommel, 2002..
- Komt dat Zien! De Amsterdamse kermis in de negentiende eeuw., fan Marja Keyser; útj. B.M.Israel/Ad.Donker, 1976(?)..
- Handel & Wandel. Shell journaal van markten en kermissen, fan Maurits van Rooijen; útj.. Shell NL B.V., 1985..
- Kermis in Westkapelle, Ruben Oreel; 2003.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kermis fan Wikimedia Commons. |