Rienk de Haan

Frysk taalkundige

Rienk de Haan (Garyp, 7 juny 1943 - Burgum, 25 april 2018)[1] fan Burgum wie in Frysk taalkundige.

De Haan wie ynearsten learaar basisûnderwiis en studearre Nederlânsk en Fryske taal- en letterkunde oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert

Fan 1980 oant 2004 wurke er by de Fryske Akademy, dêr’t er ûnder oaren behelle wie by it betinken fan nije Fryske wurden foar offisjeel en wittenskiplik gebrûk. Fierder wie De Haan ien fan de redakteuren fan it twadielige Frysk Hânwurdboek dat yn 2009 útkaam.

Rienk de Haan hat ek jierrenlang meiwurke oan programma’s fan Omrop Fryslân. Sa hie er in taalrubryk yn it eardere radioprogramma De Middei fan programmamakker Gurbe Douwstra.

De Haan ferstoar hommels yn de âldens fan 74 jier.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • Wurdlist foar it offisjele ferkear (1986)
  • Wat en Hoe Fries (1989)
  • Mei freonlike groetnis (1995)
  • Terminology fan 'e saakfakken (2000)
  • Fryske Foarnammen (2004)
  • Fries voor zelfstudie (2006)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stjerberjocht fan Rienk de Haan, yn: it Frysk Deiblêd, 28 april 2018.