Alde Ouwer is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren. Alde Ouwer leit yn de Trijegeaster Feanpolder oan de noardkant fan de Tsjûkemar en eastlik fan de Skarster Rien.

Alde Ouwer
Klokkestoel
Klokkestoel
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 85 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Ferkearsieren A6
Postkoade 8515
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 55' NB, 5° 47' EL
Komboerd
Komboerd
Kaart
Alde Ouwer (Fryslân)
Alde Ouwer
Kaart
Klokkestoel
Himrik fan Alde Ouwer yn de eardere gemeente Skarsterlân

It doarp hat 85 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Aldeouwer foarmet mei Ousterhaule en Ousternijegea, de Ouster Trijegea, sis mar in trijeling-doarp. Ousterhaule is it grutste fan it trijetal, mei likernôch 300 ynwenners. Ousternijegea hat minder as 100 ynwenners. Oan de Tsjûkemar is in surfstrân.

It doarp hat gjin kearn mei in tsjerke. De pleatsen lizze ferspraat en it doarp hat allinnich in tsjerkhôf mei ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân. Op de klok fan 1952 stiet te lêzen:

Nij myn lûd, âld myn bea,
Frede oer it Ouster gea

Alde Ouwer is it âldste doarp fan de Ouster Trijegea. De namme jout oan dat Ousternijegea en de Haule ("de hichte") letter bewenne rekke binne. It wurd “Alde” en “Ouwer” ferwiist nei “âlde igge”. It streekdoarp is fan midsiuwske oarsprong. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus (1718) leit Alde Ouwer tusken de greide- en healannen benoardwesten de Atsepoel. It doarp hie eartiids 26 stimmen. It doarp oan de kant fan de Tsjûkemar hat yn de rin fan tiid in protte lân ferlern oan it wetter.

De Trijegeaster polder (1000 pûnsmiet) is yn 1740 troch jonkhear Johan Vegelin fan Claerbergen oanlein. Der wienen doe 16 pleatsen. Der is nei dy tiid ek in soad grûn ferfeante. Yn de santiger jierren wie Trijegea yn ’t nijs troch in marreplan dat úteinlik net troch gie.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 lei it doarp yn it súdeasten fan de gemeente Doanjewerstâl. Dêrnei waard it doarp part fan de gemeente Skarsterlân dy't yn 2014 opgie yn de nije gemeente De Fryske Marren.

Untwikkeling ynwennertal

bewurkje seksje
  • 2021 - 80
  • 2017 - 85
  • 2004 - 80
  • 1973 - 107
  • 1969 - 224
  • 1964 - 332
  • 1959 - 347
  • 1954 - 377
  • J Veldstrawei - Jetze Veldstra (1886-1945) wie in boer yn Ousterhaule. Hy wie in yllegale wurker yn de Twadde Wrâldoarloch dy't yn 1945 stoar yn it strafkamp Neuengamme. Yn Ousterhaule stiet in stânbyld foar him. De wei rint lâns de klokkestoel.
  • Lytse Polder - yn de polder bûten Ousterhaule.
  • Marwei - polderdyk nei de Tsjûkemar, nei de ferfeaning oanlein.
  • Skreedyk - fan it Aldfryske wurd skreda =trochsnijing. De dyk trochsnijt in polder.
  • Slûswei - dyk nei de Skarster Rien dêr't eartiids in slûske fan it wetterskip stie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  De Fryske Marren  
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideIwertDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
  ·   ·