Rottum (Fryslân)

Rottum
Flagge fan Rottum Wapen fan Rottum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Rottum
Gemeente Skarsterlân
Ynwennertal (2004) 700
Webstee http://www.rottumonline.nl

Rottum is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súdwest fan it Hearrenfean. It doarp hat likernôch 700 ynwenners (2004).

Rottum fan de eastside
Swerfstien fan Rottum
Skoalle en doarpshûs
Klokkestoel fan Rottum

SkiednisBewurkje

 
De tsjerke en klokkestoel fan Rottum, Atlas Schoemaker: Friesland, 1710-1735

Yn de 12e iuw wurdt al sprutsen oer Ruthne en yn 1481 wurdt Rottim en Rottena fermelden. De namme soe komme kinne fan in wetternamme as "Ratna", lykas de Rotte by Rotterdam. Mar it kin ek komme fan in ealman dyt hjir om 1400 hinne wenne hat: Tsjalling Rodmers. Dy hie in skinking oan de kapel, dy't hjir al yn de 14e iuw stie, dien en waard sa patroan of skutshillige fan it doarp. Yn dy tiid waard hjir ek rjocht sprutsen oer Sânwâlden. Yn de tiid fan keizer Karel waarden hjir de lândagen hâlden. Yn de tsjerke kamen dan de belangen fan de befolking op it aljemint ûnder lieding fan in Roansk geastlike. Op it segel dat ûnder de besluten kaam stiene sân beammen. It doarp hie op de lândei yn 1727 32 stimhawwende hoarnlegers. Yn gewoane omstannichheden betekllen dy 56 gûne en 5 stuorren oan grûnbelêsing. Dit waard fêststeld neffens de opbringst fan elke stelle. Rottum leit sels op in sânhichte yn it fean en dit wie dus in feilich plak om te wenjen.

skâns

Tusken de Rotster Sleat en Rotstergaast, op it stee dêr't yn 2009 de "Biskopsbou" is, hat eartiids in ferdigeningsskâns stien. Dy waard yn 1583 yn opdracht fan de Steaten fan Fryslân oanlein om it streupen fan de Spanjerts út Stienwyk tsjin te gean. Mar doe't de grêften yn dy winter beferzen wiene, naam oerste Verdugo de skâns yn. Doe't prins Maurits Stienwyk de skâns werovere hie waard it yn Rottum rêstiger en ferfoel de skâns.

feanterij

Op de Schotanusatlas fan 1685 stiet it Nannewiid noch as healân oanjûn. Doe't de Giterske feanbazen de grûn yn 1750 oankochten waard begûn mei turfstekken. De preammen farden troch de Rotster Feart o fHegedykster Feart nei Fjouwerhûs, dêr't de turf oerladen waard yn gruttere skippen dy't it nei Amsterdam brochten. Fia de Rotster Sleat (ek: Hegedykster Feart) koe wol turf ôffierd wurde, mar it measte ferfier gie per as.

Stadichoan feroare it lân yn wetter. Yn 1870 is noch praten oer ynpolderjen, mar dat blykte te djoer. De namme Nannewiid komt grif fan feanbaas Nanne Dirks Drijfhout.

tsjerke

Doe't de grinzen fan Eastergoa ferlein waarden, waard de âlde kapel yn 1414 ferfongen troch in stiennen tsjerke. It jiertal stiet noch yn de klok op it hjoeddeiske klokkestoel op it begraafplak. Rottum wie hjirnei is skoft haadtsjerke fan de omkriten, omdat der in begraafplak by wie. Tsjerke en tsjerkhôf leine net oan de haadwei. Fan de Rottumerdyk ôf rûn de lykwei of Moleleane. Lykwei omdat de liken hjiroer nei it hôf brocht waarden en M. Oan de ein fan de wei stie oan de Hoogendijk iuwenlang in mole. Nei in haadtsjerke ta moasten fan fjouwer wynstreken út paden rinne fan 4 foet breed, útsein se mei in boat te berikken wienen.

De tsjerke is yn 1791 ôfbrutsen, de lêste dooptsjinst wie op 26 septimber 1790. Yn de oankundiging fan de ferkeap fan it tsjerkegebou stie dat "het zeer gevoeglijk te water kan worden vervoerd". It farwetter oan de westkant rûn nei yn noardlike rjochting nei de ferfeante petten en yn súdlike rjochting nei de Hegedyk, dêr't om 1550 hinne in brêge lei. By de legere skoalle moat en in brêge of farwetter west hawwe foar ôffier fan turf nei de Tsjonger en foar de nôtmole. Dizze feart rûn nei de Hegedyk en dan fierder nei de Rotster Sleat. De bocht yn de feart eastwerts wiist der op dat dit gedielte groeven is doe't de mole boud wie.

Oisterwyk

Rottum hie gjin ‘bûtenpleatsen’, útsein in lytse gelegenheid oan it fuotpaad, troch H.J.W. Kool van Heerens bewenne mei de namme ‘Oisterwijk’. It hûs waard eartiids wol 'It slotsje’ neamd en bestiet noch yn restaurearre foarm. It bûten Oisterwyk waard sette litten troch H.J.W. Kool van Heerens, soan fan de notaris fan It Hearrenfean.

SwerfstienBewurkje

Hjir leit de grutste swerfstien fan Fryslân en Nederlân. Yn de iistiid fan sa'n 200.000 jier lyn is de graniten stien hjir út Sweden wei hinne komd. De stien is fiif by twa meter en waacht sa'n 44.200 kilo. Dit wie eartiids wol 150.000 kg., mar in skipper hat it boppeste diel mei springstof sloopt. Dit granyt is brûkt foar de Suderseedyk by De Lemmer.

MienskipBewurkje

Der is in feriening foar Doarpsbelang dy't gearkomt yn it doarpshûs. Yn it doarpshûs sit ek it pjutteboartersplak De Utfleanerkes. De Ynset is de basisskoalle fan Rottum. Rottum hat as sportakkomodaasjes in follybalfjild, in tennisbanen en in Jeu de boulefjild

FerieningsBewurkje

BefolkingBewurkje

Iepenbier FerfierBewurkje

StrjittenBewurkje

  • Alde Postwei - De wei oer Rottum fan De Lemmer-Grins foar de postkoets. Earst Rotster Hegedyk neamd. "It opsichtershûs", in dûbele wenning, waard bewenne troch de pachter en syn feint. It stie op de súdhoeke fan it lân dat westlik oan de Moleleane leit en eastlik oan de eardere feart bylâns it begraafplak. In bakkerij stie noardlik fan de Molepôle oer de Rotsterhegedyk dy't sûnt 1954 Alde Postweg neamd wurdt. Der wurdt sein dat hjir eartiids in postwein ried fan De Lemmer nei It Hearrenfean en dat yn dy buert de hynders ferwiksele waarden. De bakkerij en de opsichtershúskes binne om 1890 hinne ôfbrutsen. Oer de Tsjerkeleane of Moleleane is ferbining mei de Binnenstreek. Oan de Hegedyk stie de Rotster Rogmole, dy't yn 1813 op ôfbraak ferkocht is. Dêr wie in saneamd Chercher húske by dat yn eigendom wie by de bekende houthanneler Hiddenga fan It Hearrenfean. De mole is faak yn oare hannen oergien, De mûnder wie tagelyk bakker.
  • Badwei - nei it swimbad yn it Nannewiid. De wei waard eartiids Sândyk en Lange Dyk neamd. Krekt besuden de feanskieding is in gedielte wei, lizzend tusken "Vergraven Landen", ferfallen. Yn 1912 is der in ferhurde fytspaad oanlein neist de ûnferhurd wei, hjirfan skieden troch pealtsjes.
  • Binnendyk - earder Binnenpaad mei barten. Krige syn namme nei opheffing fan de draai oer de Engelenfeart yn 1957. Oan de Binnenstreek stiet de doarpsskoalle mei ûnderwizerswenning, de doarpsherberch, inkele boerepleatsen en in stik of wat arbeiderswenningen. Hjir leit it fuotpaad, rinnende fan de opwei fan Sint Jansgea nei It Hearrenfean. It koe allinnich oant de yn 1841 groeven Engelenfeart mei hynder en wein passearre wurde. Om 1860 is de "keunstwei" oanlein, dy't no wer stadige ferkearswei woarn is. Men is grif al earder dwaande west meide ferbining Badwei-Engelenfeart, omdat dy yn 1858 mei hynder en wein begeanber wie. (grintwei)
  • Fang - moleûnderdiel om de gong fan de wjukken ôf te remjen. Oan de ein fan de Moleleane stie eartiids in nôtmole.
  • Fonder - fonder of flonder neamd nei barten yn it eartiidse Binnenpaad (no Binnendyk).
  • Heechhout - in Heechhout is in lang heech houten brechje. Der siet in heechhout yn de Hege Dyk oer de yn 1962 tichtsmiten Hegedykster Feart.
  • Ketting - Oant 1929 hong in ketting oer de Engelenfeart om toljild te ynjen.
  • Moleleane - Nei de yn 1815 ôfbrutsen nôtmole. Op in âlde tekening fan de Rottumer moolner foar it kleaster fan it Hasker Konvint wurdt it jier 1507 neamd. Eartiids waard de leane Lykwei of Tsjerkewei neamd.
  • Skâns - nei de skâns út 1583 dy't grinze oan de Feanskieding en de Tsjonger. Boud as ferdigening tsjin de Saksen.
  • Sydtakke - syddyk fan Binnenpaad nei Hege Dyk.
  • Vogelzangwei - ruilferkavelingsdyk troch lannen mei in soad fûgels.
  • Wjukslach - Nei de wjukslaggen fan de eardere mole oan de Molewei.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente De Fryske Marren
 
Haadplak: De Jouwer    Stêd: Sleat

Doarpen en útbuorrens: AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel

Buorskippen: BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part) • SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich