Rotster Sleat
De Rotster Sleat is in sleat yn de gemeente De Fryske Marren. De sleat rint fan de Alde Postwei by Rottum nei it súdeasten troch de Grutte Sint-Jânsgeaster Feanpolder. De feart komt út yn De Tsjonger foar de Schipsloot nei Wolvegea oer.
De namme Rotster Sleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Rotstersloot.