Skipsleat (Nijlemmer)

(Trochferwiisd fan Schipsloot (Wolvegea))

De Skipsleat (Stellingwerfsk en offisjeel: Schipsloot) is in opfeart by Nijlemmer yn de gemeente Weststellingwerf.

Skipsleat by Nijlemmer

De Skipsleat ferbynt De Scheene fia Wolvegea mei de Tsjonger en waard yn de 17e iuw groeven yn it leechfeangefbiet. Yn Wolvega leit it bedriuweterrein Skipsleat mei in strjitte Oan de Skipsleat dy't de N351 krúst. By Nijlemmer leit yn de Skipsleat in brêge oer it kanaal en oan de eastside leit in iisbaan mei in earder gemaal dat no brûkt wurdt troch de iisklub. It wetter út de polder wurdt no yn de Skipsleat lost troch in nij kanaal De Untginning. De namme 'Skipsleat' komt wol faker foar yn Fryslân. Sa is der bygelyks noch in 'Schipsloot' by Steggerda,