Provinsjale wei 351

N351
Langte: 67,1 km
Kaart
Kaart Provinciale weg 351.png

De provinsjale wei 351 (N351) is in provinsjale wei yn de provinsjes Flevolân, Oerisel en Fryslân dy't in ferbining foarmet tusken de N352 by Urk en de N381 by Easterwâlde. By Emmeloard hat de dyk in oansluting op de A6, fan Emmeloard nei De Lemmer, by Wolvegea slút de dyk oan op de A32.

De dyk is in twabaansdyk. Tusken Urk en Makkingea is de dyk in gebietsûntslutingsdyk mei bûten de beboude kom in maksimumfaasje fan 80 km/o. Tusken Makkingea en Easterwâlde is de dyk in streamwei (autowei) mei in maksimumfaasje fan 100 km/o.

It Oeriselske part fan de dyk tusken Slikenboarch en De Kúnder rint by de âlde Suderseedyk del. Hjoed-de-dei rint de dyk op dat part op de dyk tusken de rivieren de Tsjonger oan de westkant en de Linde oan de eastkant.

De dyk hjit yn Flevolân: Urkerweg, Hannie Schaftweg, Espelerweg, Muntweg en Kuinderweg. Yn Oerisel hjit de dyk: Slijkenburgerweg en yn Fryslân hjit de dyk: Pieter Stuyvesantweg, Om den Noort, Stellingenweg, De Weeme en Bovenweg.

Diken yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
Rykswegen: A6A7A31/N31A32/N32
Provinsjale diken: N351N353N354N355N356N357N358N359N361N369N380N381N383N384N390N392N393N398N910N913N917N918N919N924N927N928N979N981
Jeropeeske wei: E22
Knooppunten: Knooppunt De JouwerKnooppunt It HearrenfeanKnooppunt OerterperfallaatKnooppunt SurchKnooppunt Werpsterhoeke
Rûnwegen: Ring LjouwertRing Snits