De Rykswei, ek A32, is in autodyk, fan Meppel oer It Hearrenfean nei Ljouwert.

A32
Langte: 63 km
Kaart

It earste fak dat iepene waard wie 31 desimber 1953 fan Knooppunt It Hearrenfean oant Haskerdiken. Yn de rin fan 50 jierren binne ek de oare parten iepensteld. Yn 2000 waard it Knooppunt It Hearrenfean fan in rotonde feroare yn in klaverblêd.

De A32 begjint by it Knooppunt Lankhorst dêr't er oanslút op de A28 nei it suden, nei Swol. By It Hearrenfean leit tusken ôfslach 12 en 13 it Knooppunt It Hearrenfean, mei ferbining mei de A7, nei De Jouwer en nei Drachten. De A32 einiget by Wurdum, dêr't de wei as de N32 fierder giet nei Ljouwert.

  1. Meppel-Súd
  2. Meppel
  3. Meppel-Noard
  4. Havelte
  5. Havelterberg
  6. Stienwyk
  7. Stienwyk-Noard
  8. Wolvegea
  9. Teridzert
  10. It Hearrenfean-Súd
  11. It Hearrenfean
  12. It Hearrenfean-Sintrum
  13. Akkrum
  14. Grou
  15. Reduzum

Fan Akkrum nei Grou giet de A32 ûnder twa akwadukten troch. Earst it Leppe-akwadukt foar de Boarn en dan it Akwadukt Mid-Fryslân foar it Prinses Margrietkanaal.

Diken yn Fryslân  
Rykswegen: A6A7A31/N31A32/N32
Provinsjale diken: N351N353N354N355N356N357N358N359N361N369N380N381N383N384N390N392N393N398N910N913N917N918N919N924N927N928N979N981
Jeropeeske wei: E22
Knooppunten: Knooppunt De JouwerKnooppunt It HearrenfeanKnooppunt OerterperfallaatKnooppunt SurchKnooppunt Werpsterhoeke
Rûnwegen: Ring LjouwertRing Snits
  ·   ·