Haadmenu iepenje
It plak fan it knooppunt

It knooppunt It Hearrenfean is in klaverblêd op It Hearrenfean. By dit klaverblêd binne de ryksdiken A7, dy't fan Saandam nei de Dútske grins by Nijeskâns rint, en de A32, tusken Meppel en Ljouwert, mei elkoar ferbûn.

It knooppunt waard iepene yn 1956 as in ferkearsplein, yn de foarm fan in rotonde. Yn 2000 is it ferkearsplein feroare ta in klaverblêd.