In ferkearsplein, sa't dy yn Nederlân ornaris neamd wurdt, of in rotondeknooppunt is in ferkearsknooppunt yn de foarm fan in grutte rotonde, dêr't guon fan ferkearsljochten hawwe. Guon ferkearspleinen binne knooppunten fan autogongwegen. Dêr binne trije farianten fan:

In rotonde fan gelikense hichte
In rotonde mei ien trochgeande wei
In swevende rotonde

De earste fariant wurdt gauris brûkt by krusings fan sekundêre diken en stedsdiken. De twadde fariant wurdt gauris brûkt dêr't in sekundêre yk op in autogongwei oanslút. De tredde fariant wurdt yn Nederlân net tefolle brûkt, mar wurdt lykwols yn it Feriene Keninkryk en Ierlân faker brûkt.

By drokke ferkearspleinen wurdt der gauris in ekstra rydstripe oanlein, sadat it ferkear dat rjochts ôfslacht, net oer it ferkearsplein hoecht te riden. Sokke ferbinings wurde bypass neamd. Soks wie ek it gefal by de rotonde fan it knooppunt De Jouwer, ear't er omboud waard ta de hjoeddeistige sitewaasje.