Grou (plak)

(Trochferwiisd fan Grou (doarp))
Grou
Flagge fan Grou Wapen fan Grou
Flagge Wapen
Lokaasje fan Grou
Gemeente Boarnsterhim
Ynwennertal (2004) 5869
Webstee Het nieuws van Grou

It doarp Grou wie oant 1 jannewaris 2014 it haadplak fan de gemeente Boarnsterhim en is sûnt in doarp yn de gemeente Ljouwert.

Sint-Pitertsjerke
de himrik fan Grou
Grou, gemeentehûs Boarnsterhim
Sicht op de haven fan Grou
Skilderij fan de Nije Kade om 1850 hinne
It tagongspaad nei de Sint-Pitertsjerke yn Grou
Fjouwer huzen oan it Oerhaalpaad (2009)
Dr. Eeltsje Halbertsma Earebyld

SkiednisBewurkje

Grou is yn de iere Midsiuwen op in terp ûntstien. It doarp wie ynearsten rjochte op lânbou, mar ûntjoch him fan de 15e iuw ôf oan hieltiid mear op it mêd fan hannel en skipfeart. Dat die fertuten en it doarp waard grutter en bloeiend. Yn de 19e iuw naam it belang fan de skipfeart ôf, mar dat waard goedmakke troch de komst fan it spoar en bettere diken. Yn de rin fan de 20e iuw waard wettersport en toerisme wichtich.

It doarp waard foar it earst yn in skriftlike boarne út de 13e iuw neamd as Growe; yn 1412 as Grouwa, yn 1474 as Grou en yn 1504 as to grow. Growe soe wize kinne op geul, slinke, mar ek ferwize kinne nei in dold wetter.

Foar de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Grou it haadplak fan de eardere gemeente Idaarderadiel. Eartiids wie it in doarp fan boeren, fiskers en skippers, trochsnien mei fearten en havens. In soad werven en seilmakkerijen sieten yn de baaien en havens om Grou hinne. In soad hjirfan is noch werom te finen yn de strjitnammen dy't de namme fan in protte dimpte fearten krigen hawwe.

WetterBewurkje

Grou leit oan de Pikmar, it Prinses Margrietkanaal en it âlde rivierke de Grou (wetter). Troch de lizzing by al dit wetter hat it doarp foarm krigen as arsjipeldoarp (besteande út lytse eilantsjes), en hat him in soad wettersport en toerisme ûntwikkele. Under oaren is dit it plak fan sylferiening Eastergoa, fan it SKS-skûtsje it Doarp Grou, en fan de sylskoalle Oer 't Hout yn kombinaasje mei Stayokay Grou. Ek binne der yn Grou ferskate jachtwerven te finen.

Sint-PiterBewurkje

Njonken de wettersport is it doarp hjoed-de-dei ek bekend om't it it lêste plak is dêr't alle jierren op 21 febrewaris noch Sint-Piter fierd wurdt. Grou hat ek in reden om dat te fieren om't de tsjerke in Sint-Pitertsjerke is.

FerbiningsBewurkje

Behalve oer it wetter is Grou fia de wei en oer it spoar te berikken. It is ien fan de stasjons oan it spoar fan Swol nei Ljouwert, en it leit oan de A32 tusken Ljouwert en It Hearrenfean. Hjirmei hat Grou ek in part op-en-del-reizgers. Mei busline 28 kin reizge wurde nei Ljouwert en nei It Hearrenfean.

Bruorren HalbertsmaBewurkje

De Bruorren Halbertsma binne yn Grou hikke en tein. Se hawwe in soad dien foar it Frysk. Hja skreaunen bg.‘Rimen en Teltsjes’. Eeltsje Halbertsma (1797-1858), wie húsarts en skreau de tekst fan it Fryske Folksliet. By de tagong fan it Wilhelminapark stiet in boarstbyld út 1904 fan him. Yn Museum de Trije Gritenijen is in soad werom te finen fan dizze bruorren.

MienskipBewurkje

It doarp hat in feriening foar Pleatslik Belang. "De Grouster" is de online krante fan Grou.

De skoallen De Twa Fisken en de Nijdjipskoalle komme yn 2012 ûnder ien dak op de plak fan it âlde swimbad.

FerieningsBewurkje

  • Athleta - atletyk
  • GAVC - fuotbal
  • Grou '64 -follybal
  • Grou - tennis
  • Frisia, GWS, Oostergo - silen
  • It Wetterlân - keatsen
  • Mid Fryslân - kuorbal
  • Raak 'm - badminton
  • Oan 'e mar - klaverjassen
  • De Toer - damjen

Untwikkeling ynwennertalBewurkje

KeunstiisbaanBewurkje

Op 23 desimber 2007 hat Grou in sportprimeur troch in earste iisbaan fan keunststof yn de iepenloft te iepenjen. It saneamde "Glice-iis" is betocht troch Eric Sinnema út Aldtsjerk en is neffens Sinnema net te fergelykjen mei keunststofiisbanen dy't yn de Feriene Steaten foarkomme.

DoarpsfilmBewurkje

De Dorpsfilm van Grouw is in film dy't Johan Adolfs yn 1964 oer it doarp makke hat. De film (44:35, sûnder lûd) is by it Frysk Film Argyf bedarre en hjir te besjen.

Berne yn GrouBewurkje

StrjittenBewurkje

De strjitten yn Grou.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente Ljouwert
 
Stêd: Ljouwert

Doarpen en útbuorrens: Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum

Buorskippen: AbbenwierAldskou (foar in part) • AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part) • SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens