It Mingd Koar is in sjongkoar út it doarp Grou.

Doe't op sneintenacht 14 april 1912 de Titanic fergong, spile de skipskapel it liet: Nearer my God to Thee (Neier myn God by jo). Destiids makke dizze ramp sa’n yndruk op de minsken, dat yn ús tsjerken it neamde liet by in tsjinst songen waard, dus ek yn de tsjerke fan de Meniste Bruorskip te Grou. Op inisjatyf fan de gemeentesiktaris B.H. Gorter waard op 5 maaie 1912 dit liet troch in ploechje minsken ( 9 ) ûnder lieding fan J. van Stralen, by in tsjerketsjinst songen. Ut dizze 9 minsken is it menistenkoar ûntstien. Yn de folksmûle waard dit koar altyd it Fermanjekoar neamd. Dit koarke hat in oantal jierren songen by tsjerketsjinsten en kristlike feestdagen.

De earste dirigint wie seilmakkersfeint Klaas de Haan. Yn 1917 waard ôfskie nommen fan Klaas de Haan. Men hie noch gjin bestjoer en de leden betellen ek gjin kontribúsje. De earste kear dat ûnder lieding fan Joh. Gorter yn de tsjerke by in tsjinst songen waard, wie op 2 juny 1918. It koar hie no ek de namme krigen fan Mingd Koar Grou, mar it bleau yn de folksmûle noch lang it Formanjekoar. It koar kaam no losser fan de tsjerke te stean. Op 25 Juny 1921 waard foar de earste kear meidien oan in konkoers te Ljouwert. Song it koar yn 1921 yn de 3e ôfdieling, yn 1925 wie de 1e ôfdieling al berikt mei Gorter as dirigint fan 1918 oant 1945.

Yn 1942 waard de namme fan it koar feroare yn "Doopsgezind kerkkoor". It koar hie him oars oanslute moatten by de Kultuerkeamer, mar men seach dit as in Dútske ynstelling. Der waard betanke foar it Fryske Bûn fan sjongkoaren. Op dizze wize koe men as tsjerkekoar fierder en koe it dus bestean bliuwe.

Op 9 july 1945 waard as dirigint beneamd de hear Kor Ket, destiids oanfierder fan de 2e fioelen by it Frysk Orkest. Kor Ket begûn dus as dirigint by it Mingd koar yn Grou. Dêrnei waard hy beneamd ta dirigint fan it Frysk Orkest. Ek waard yn dy tiid troch him de Ljouwerter Bachferiening oprjochte. Op 12 april 1950 waard in opname makke yn de studio fan de Avro, ûnder lieding fan de dirigint Hugo de Groot mei it Avro-omroporkest de Fryske opera “de Jonkerboer” fan de komponist Paulus Folkertsma.

It lustrumkonsert fan it Frysk Orkest op 2 febrewaris 1951, de Ljouwerter Bachferiening en it Mingd Koar waard in grut sukses. Paulus Folkertsma, de komponist, skreau sels it folgjende: Yn it befrijingskoar haw ik it útfierders, harkers mar ek mysels miskien swierdernôch makke. Dat in Frysk doarpskoar dit stik sjongt en dan ek noch goed sjongt, is foar my rounút ûnbegryplik.

Op 25 septimber 1950 waard ûnder lieding fan Kor Ket de "Jonkerboer" opfierd yn de Harmonie. Dit wie yn ferbân mei besite fan keninginne Juliana en prins Bernhard oan Fryslân. Dit wurk wie wol ien fan de hichtepunten yn de koarte karriêre fan de dirigint Kor Ket. Yn de nacht fan snein op moandei 20 juny 1955 ferstoar de dirigint fan it Frysk Orkest, Bach koar, Mingd koar Grou en it Frysk jeugdorkest, Kor Ket. Troch Minister Cals waard yn de Earste Keamer Kor Ket betocht. Minister Cals wijde inkelde wurden oan it wurk fan dizze dirigint, dy't mei krêft wurke hat oan de foarútgong fan it Frysk orkest. Syn opfolger waard de hear J. Veninga. Op 17 septimber 1958 wie de earste rippetysje mei Bram Feenstra dy't op 13 maaie 1962 it gouden jubileumkonsert dirigearde. As opfolger fan Bram Feenstra waard beneamd Harm van der Meer. Van der Meer wie net allinne dirigint fan it koar yn Grou, tagelyk wie hy dirigint fan ûnderskate muzykkorpsen û.o. Apollo Grou, Studio Stum, Harmonie Snits, O.K.K. Kimswert, Excelsior Ousterhaule. Mei neamde korpsen waarden gauris konserten jûn en yn dy tiid waard de finansjele basis fan it koar lein. Op 7 maaie 1974 hat it koar songen foar de keningin en de prins. Dit fûn plak yn Earnewâld, fan it Grouster skûtsje ôf dat lei foar hotel Prinsenhof. Yn 1985 begjint de twadde perioade fan dirigint Jan Veninga. Hy liedt it koar yn 1987 by it 75-jier bestean. De nijste perioade begjint yn 2000 ûnder lieding fan dirigint Hans Algra.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: