Herman Rouwé
Herman Jan (Herman) Rouwé (Grou, 20 jannewaris 1943) is in earder Frysk roeier.
Herman Rouwé | ||
![]() | ||
![]() | ||
flnr Herman Rouwé, Erik Hartsuiker, Jan-Just Bos, 1964 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 20 jannewaris 1943 | |
berteplak | Grou | |
lingte | 179 sm | |
sportive ynformaasje | ||
sport | roeien | |
ûnderdiel | Twa mei stjoerman - Fjouwer mei stjoerman | |
O.S. | Tokyo 1964 - Meksiko (stêd) 1968 |
Yn 1964, op de Olympyske Spullen fan Tokyo makke hy syn Olympysk debút op it ûnderdiel twa mei stjoerman. Hy wûn dêrby in brûnzen medalje yn in tiid fan 8.23,42 , efter de Feriene Steaten (8.21,23) en Frankryk (8.23,15).
Fjouwer jier letter die Herman Rouwé wer mei oan de Olympyske Simmerspullen, dat kear op de Spullen yn Meksiko-Stêd, op it ûnderdiel fjouwer mei stjoerman. De Nederlânske ploech waard yn de earste sery fan de eliminaasjes twadde yn 7.08,15. Yn de heale finales einigen hja as sechsde yn 7.08,68. Op 18 oktober 1968 einigen hja yn de lytse finale (B-finale) as tredde yn 6.51,77 efter Roemeenje (6.46,68) en Argentynje (6.50,54) en warden dêrtroch njoggende.
Yn syn aktive jierren wie Rouwé oansletten by de Utertse studintenroeiferiening Triton. Syn broer Henk Rouwé, hat ek as roeier dielnommen oan de Olympyske Simmerspullen, mar dan yn 1972.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|