De Grouster Wettersportferiening (GWS) is oprjochte yn 1935. De GWS begûn yn 1935 mei 45 leden, yn 2010 binne it 650. Skoukes fan 'e GWS hawwe by de wettersneed fan 1953 yn Seelân meiholpen minsken fan 'e dakken te heljen.

By it 75-jierrich is in spesjaal boek útkaam. It boek is skreaun troch Jan Pieter Rottiné.