Aldtsjerk
Aldtsjerk is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It doarp hat likernôch 699 ynwenners (2006). Aldtsjerk is it noardlikste en âldste doarp fan de Trynwâlden en leit oan de noardkant fan Oentsjerk. It doarp leit oan de grutte dyk fan Ljouwert nei Dokkum. Der binne gjin winkels. Súdwest fan it doarp leit de Aldtsjerkster Mar. Yn Aldstjerk stiet ek de Klinze, in âlde state dêr't de famylje Fan Sminia wenne hat.
Aldtsjerk | |
---|---|
![]() | |
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Sifers | |
Ynwennertal | 620 (2021)[1] |
Oerflak | 7,08 km² wêrfan lân: 6,90 lân km² wêrfan wetter: 0,18 km² water |
Befolkingstichtens | 90 ynw./km² |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Provinsje | ![]() |
Gemeente | ![]() |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 53° 15' N 5° 53' E |
Webside | Aldtsjerk op de side 'Trynwâlden' |
MienskipBewurkje
Al jierren organisearret de feriening mei it Feintebûn de doarpsfeesten. Fan it Feintebûn kinne allinnich frijfeinten oant 30-jier lid wêze. De jierlikse optocht rydt dan troch hiel Trynwâlden. De Stifting Alde Kultuer Aldtsjerk wol de skiednis libben hâlde troch lêzingen, eksposysjes en klank- en diabylden.
Berne yn AldtsjerkBewurkje
- Fotograaf en dichter Johannes Doedes de Jong
- De folksmuzikant Ernst Langhout;
- De betinker fan de keunstiisbaan yn Grou Erik Sinnema.
BefolkingBewurkje
IisherberchBewurkje
It doarpskafee 'De Moarkswâl' wie in ferneamde iisherberch by de klapbrêge. De nammen fan de earste reedriders dy't út Ljouwert wei, oer De Moark en de Bonke, by it kafee oankamen waarden op de balken skreaun. Yn 1982 is it kafee lykwols ôfbrând. Yn it nije kafee is ek in nije balke oanbrocht. De iisclub bestiet al sûnt 1865, der wurde hurdriderijen hâlden op de Aldtsjerker Mar, súdwestlik fan it doarp. Der is in strantsje by de mar oanlein.
TrynwâldenBewurkje
Trynwâlden is it gebiet om Aldtsjerk, Gytsjerk en Oentsjerk. Yn de wâlden stienen eartiids ferskate states, lykas De Klinze. De bosken Grikelân en Turkije hearre ek by Trynwâlden.
De KlinzeBewurkje
- De Wikipedy hat ek in side De Klinze.
Om 1680 hinne liet Hessel fan Aysma dizze Aysmastate sette. Der wiene yn dy tiid in soad aadlike lju dy't bûtenút wenje woenen. Yn 1722 waard der in oprydleane by makke. Tusken 1990 en 1995 is de state hielendal opknapt. Der leit in park omhinne mei bochtige paadsjes en brechjes (Ingelske lânskipsstyl). It is ûntwurpen troch arsjitekt Roodbaard yn 1834. De Klinze is no in hotel en konferinsjesintrum.
De PaulustsjerkeBewurkje
- De Wikipedy hat ek in side Paulustsjerke (Aldtsjerk).
De tsjerke is út de 12e iuw en foar in diel fan dowestien boud. Der is troch de jierren in hiel soad oan ferboud. Yn 1750 waard de tsjerke fergrutte, en de yngong gie fan de súdkant nei de noardkant. By de tsjerke is in grêfhichte, dêr't jonkhear Arend Johannes Van Sminia (1806-1857) en syn frou Clara Coehoorn fan Scheltinga (1806-1875) lizze.
AldtsjerkermûneBewurkje
- De Wikipedy hat ek in side Aldtsjerkermûne.
De Aldtsjerkermûne is in poldermole tichtby it doarp Aldtsjerk.
StrjittenBewurkje
Aldemiedwei, Boerfinne, Eysingapaad, Freuleleane, Jonkerspaad, Klaas Douweswei, Marwei, Miedemawei, Rhaladyk, Sânhuzen, Van Sminiawei, Wierewei.
Sjoch ekBewurkje
Keppeling om utensBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Haadplak: Burgum | |
Doarpen en útbuorrens: Aldtsjerk • Earnewâld • Eastermar • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Garyp • Gytsjerk • Hurdegaryp • Jistrum • Mûnein • Noardburgum • Oentsjerk • Ryptsjerk • Sumar • Suwâld • Tytsjerk • Wyns | |
Buorskippen: Bartlehiem (foar in part) • De Joere • Gytsjerksterhoeke • It Heechsân • Iniaheide • Kûkherne (foar in part) • Lytse Geast • Noardermar • Quatrebras • Sigerswâld • Skûlenboarch • Sumarreheide • Tergrêft • It Wytfean • Sânhuzen • Swarteweisein |