Sijo Kornelis Thoden fan Velzen

Sijo Kornelis Thoden fan Velzen of Syo Kornelius Thoden van Velzen (Aldtsjerk, 26 novimber 1809 - Warnsveld, 1900) wie in teolooch.

Sijo Kornelis Thoden van Velzen

Fan Velzen stamme út in Eastfrysk predikantelaach. Hy stie yn Mitselwier (1835-38), Wolvegea (1838-42), Nymwegen (1842-46) en Ljouwert (1846-1883). Hy wie in fertsjintwurdiger fan de Grinzer rjochting.

Fan Velzen wie in Kristosintrysk tinker, dy't in soad klam lei op it evangelyske libben. It wie in selsstannich tinkende minske dy't de dûmnyssteek ferruile foar de hege hoed. Hy wie in pleiter foar spiritisme en tsjin lykferbaarning. Hy skreau tal fan praktysk-teologyske boeken. Ek wie er lang foarsitter fan it Friesch Godgeleerd Gezelschap.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Velzen, Sijo Kornelis Thoden van.


Keppelings om utens