Jurgen Uitterdijk
Jurgen Uitterdijk (Aldtsjerk, 10 desimber 1781 - 11 april 1845) wie in wiskundige. Troude 4 jannewaris 1804 mei Tjitske Arriens. Se krigen fjouwer bern, wêrfan ien soan, Nanninga Uitterdijk minniste dûmny yn Den Horn (gemeente Aduard) yn Grinslân waard.
Oplieding
bewurkje seksjeHy wie de soan fan Oene Uitterdijk en Akke Zandstra, dy't earst boer wiene, mar letter nei Rinsumageast giene, dêr't Oene oerwurken en letter ek fysyske ynstruminten makke. Hie nea in oplieding ta wurktúchkundige hân, mar waard troch eigen oefening en ûnderfining fakman.
De jeugdige Jurgen, dy't hast yn deselde sitewaasje siet, krige syn earste oplieding oan de doarpsskoalle fan Rinsumageest en gie hast alle dagen nei de ûnderwizer fan it tichtby lizzende Driezum, dy't bekend stie as in knap rekkenmaster mei kennis fan it Frânsk, wat destiids op it plattelân in unikum wie. Jurgen krige ek in skoftke ûnderrjocht yn Latyn en Gryksk by de herfoarme predikant fan Rinsumageast. Iver, flyt en in fêste wil makken dat er hurd bylearde. As jonge fan sechttjin jier gie er nei de Akademy yn Frjentsjer, dêr't er fan 1798 - 1803 studearre yn de wiskundige wittenskippen en wiisbegearte, ûnder lieding fan de heechleraren Antoine Chaudoir en Jan Willem de Crane, dy't al gau syn skranderens en grutte oanlis foar de wittenskip opmurken en him yn beskerming namen. Dizze ûnderskieding hat Uitterdijk altiten tige wurdearre en hat dat letter nea ferjitten.
Ynstrukteur
bewurkje seksjeHy hie syn Frjentsjerter tiid sa goed bestege dat hy op 14 april 1803 beneamd waard as ynstrukteur yn de matesis, navigaasje en astronomy oan it kadetten-ynstitút foar de marine op it oarlochsfregat de Eurydice by Feijenoord op de Maas foar Rotterdam'. Earst mei de rang fan opperstjoerman mar letter - te rekkenjen fan 7 novimber fan datselde jier - mei de rang fan luitenant op see. Yn dizze betrekking is hy bleaun, ek by de ferpleatsing fan it ynstitút nei Inkhuzen oant op 15 febrewaris, doe't dizze ynrjochting opheft waard en hy bûten tsjinst steld waard. Hy hie wol yn de gelegenheid west om nei Brest oerpleatst te wurden, mar de heitelânske grûn wie him te dierber om te ferlitten.
Funksjes
bewurkje seksjeSûnttiids hat Jurgen Uitterdijk yn de rin fan syn meardere betrekkings yn rykstsjinst waarnomd. Yn 1813 en 1814 wenne hy yn Frjentsjer en wie lânmjitter by it kadaster. Yn 1815 waard hy oansteld as taksateur fan de turf yn de gemeenten Aldeberkeap, Wolvegea en Sonnegea. Fan 21 novimber 1816 oant 3 jannewaris 1820 wie hy ûntfanger fan de yndirekte belestings yn Wolvegea, wylst hy ek mei de ynspekteur fan de feanterijen J.C. Honcken kommitearde wie om middels te beramen ta ynfier fan turf yn de súdlike provinsjes. Ek wied er tagelyk belêste mei de funksje fan roeier ensfh. fan it destilleard, en mei dy fan skipsmjitter yn it arrondissement It Hearrenfean. Op 3 jannewaris waard hy oansteld as kontroleur fan de feanterijen yn de provinsjes Oerisel, Gelderlân, Noard-Brabân en Limburch. Nei de ôfskaffing fan de aksyns op de brânstoffen krige hy op 25 desimber 1822 in beneaming as kontroleur fan de belestingen yn Ynskedee en waard dêrwei op 1 novimber 1932 oerpleatst nei Boalsert. By wer ynfieren fan de turfaksyns waard hy 13 jannewaris 1834 oansteld as kontroleur fan de feanterijen yn Oerisel, Gelderlân en Noard-Brabân en soe dat oant syn dea dwaan bliuwe. Hy stoar troch de moarddiedige hân fan in smjunt. Dizze út in deftige Oeriselske famylje kommende man hie earder as amtner ûnder him wurke, mar wie, koart foar it begean fan de slûpmoard, wegens wangedrach ûntslein.
Bibliografy
bewurkje seksjeHy skreau Inleiding tot de Kegelsneden (Rotterdam 1810), in wurk, dat destiids troch Jacob de Gelder, wegens syn oarspronklikheid, tige priizge waard. Letter doe't hy kontroleur fan de feanterijen wie, hat er noch in wurk útjûn, mei ôfkomstich út de tiid mei as titel Herleiding van den schijnbaren afstand tusschen twee hemellichamen tot den ware (Dimter 1840), wêryn't hy in nije en ienfâldige metoade foar dizze berekkening opjout. In oar grut wurk, dêr't hy sûnt jierren oan wurke hie en foar de parse ree makke, soe de titel krije Wiskundige beschouwingen der wetten van het evenwicht en der beweging van de lichamen. Fan dit wurk yn de trant fan de Mécanique Céleste fan la Place en de Traité de Mécanique fan Poisson, is destiids (1830) in prospektus oan it publyk oanbean troch de boekhanneler Gt. Paschen Gz. te Ynskedee, wêryn beloofd waard dat dit geskrift yn twa dielen, elk sa'n 3900 siden, kompleet wêze soe. De útjefte is lykwols, troch te min dielnimming net trochgien. Nammers besteane der fan Uitterdijk noch oare wurken yn hânskrift, dy't hy fan tiid ta tiid útjaan litte woe, lykas bygelyks Eene verhandeling over de eigenschappen van den driehoek in en om den cirkel; en Eene verhandeling over de kromme lijnen, en oare, mar de dea hat soks behindere. Hy skreau ek yn it Frânsk en Latyn, Ingelsk en Heechdútsk koe er him ek tige mei rêde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|