De Klinze

state yn Aldtsjerk.

De Klinze is in state oan de Sminiawei yn Aldtsjerk. It stee fan De Klinze waard al yn 1567 bewenne troch Johannes fan Heemstra en Jantien Hindriks, dy't yn it hûs Oppe Clincke wennen. De namme seit dat it hûs op in sânrech of hichte lei yn in sompich gebiet. It seit ek dat it in moai plak wie dat nei alle gedachten al lang dêrfoar bewenne waard.

De Klinze, 1927

Tusken 1680 en 1687 liet Hessel van Aysma Oppe Clincke ôfbrekke. Hy wie troud mei Hester van Loo, dy’t út in Ljouwerter regintefamylje kaam. Hessel ferkeapet it yn 1687 oan syn efterneef Jhr. Hobbe Baerdt van Sminia (* 1655).

Arend Johannes van Sminia, dy’t troud wie mei Clara Coehoorn van Scheltinga liet om 1821 in moai park oanlizze yn Ingelske lânskipsstyl troch de yn Fryslân ferneamde túnarsjitekt Lucas Roodbaard.
Yn 1893 ferhuzet Arend Johannes Baerdt van Sminia nei Sminia State en syn broer Hobbe Baerdt fan Sminia waard eigener fan De Klinze. Hobbe wie troud mei Tjallinga Aurelia Wilhelmina van Welderen barones Rengers. Hobbe wie rûnom bekend en ferneamd as feefokker en hynstekenner.

Yn 1978 waard De Klinze ferkocht en ferboud ta hotel.

Keppeling om utens

bewurkje seksje