Aldtsjerkermûne
De Aldtsjerkermûne is in mûne yn Aldtsjerk yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It is in houten, reiddutsen achtkante muonts mei stiennen ûnderbou mei in flecht fan 15,68 m.
Aldtsjerkermûne | ||
mûne / mole | ||
De mûne yn 2022 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Tytsjerksteradiel | |
plak | Aldtsjerk | |
adres | Rhaladyk 19 | |
koördinaten | 53° 15' N 5° 52' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | Muonts | |
funksje | Poldermûne | |
oarspr. gebrûk | Bemeallen fan Aldtsjerkerpolder | |
flecht | 15,68 meter | |
boujier | 1864 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Stifting Wetterskipserfgoed | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 35674 | |
Webside | ||
waterschapserfgoed.nl | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe Aldtsjerkermûne stiet eefkes west fan it doarp en waard yn 1864 troch in groep boeren boud foar it bemeallen fan de 160 ha grutte Aldtsjerkerpolder. Yn 1955 rekke de mûne by in stoarm slim skansearre. Noch datselde jier waard er reparearre, wêrby't de roeden en de fizel fernijd waarden.
De Aldtsjerkermûne die oant 1970 tsjinst en waard fiif jier letter restaurearre. Yn 2002 waard de lange sprút ferfongen en waard de mûne opnij skildere. De Aldtsjerstermûne, dy't net mear op de Fryske boezem oansletten is, is mealree yn sirkwy en kin op ôfspraak besichtige wurde.
Eigner fan de mûne is de Stifting Wetterskipserfgoed.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Moledatabank - 'Aldtsjerk, De Aldtsjerkermûne'
- De Hollandsche Molen - 'De Aldtsjerkermûne yn Aldtsjerk'
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|