Johannes Doedes de Jong

Jehannes Doedes de Jong (Aldtsjerk, 25 novimber 1912 - It Hearrenfean, 1996) wie in fotograaf, filmmakker, sjoernalist en dichter.

Libben en wurk bewurkje seksje

De Jong waard berne yn Aldtsjerk en hat dêr ek in grut part fan syn libben wenne. Hy hat dêr in skoft bakkersfeint west.

Jehannes de Jong wie yn 't foarste plak (foto)sjoernalist by de Friese Koerier. Derneist wie er ek dichter. De dichtbondel Lunchroom is syn bekendste wurk. Yn syn poëzij naam er ôfstân fan dy fan de Jongfriezen; it hie opfallende sosjale motiven en kin fernijend neamd wurde, mei ynjûn troch de krisisjierren. Yn 1963 kaam de bondel 'Ferzen' út, doe minder opfallend.[1]

De Jong hat fan alles dien, mar syn bysûndere betsjutting leit yn it fêstlizzen fan it ferdwinend boerelibben yn tiidleaze foto's. Dy foto's ferskynden faak yn it Fries Landbouwblad en omfiemje de 50er, 60er en 70er jierren fan de 20e iuw. Hy hat dêrneist ek in soad yn Frankryk fotografearre.

Mei oaren rjochte er yn 1937 it ferbûn fan Fryske filmers op, 'Film yn Fryslân'. De Jong hat de earste Fryske film, Kar út twa (1937), op syn namme brocht.

In Frysk kwartetspul mei as tema it libben fan Fryske greidboeren waard yn 1939 útjûn troch "De Blauwe Seilbokse". De teksten wiene fan Douwe Hermans Kiestra en de foto's fan Johannes Doedes de Jong. It waard sa'n súkses dat nei de earste 23.000 eksimplaren der yn 1958 in twadde printinge kaam.

Yn de Twadde Wrâldkriich wie er pro-Dútsk, wierskynlik ûnder ynfloed fan Sybe Douwes de Jong. Hy wie lykwols net polityk aktyf. Hy makke doe reizen nei Poalen en de Baltyske steaten dêr't er fotografearre hat.

By gelegenheid fan in eksposysje fan syn fotowurk op It Hearrenfean, kaam yn 1972 in fotoboek út mei de titel, 'Jo hawwe myn kleijen yn dûnsjen feroare'.

Fan 20 april - 30 augustus 2009 wie yn it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld de foto-eksposysje Boerewurk te sjen mei foto's fan Johannes Doedes de Jong oer it boerelibben fan eartiids. In grut tal foto's fan dy eksposysje binne ek yn it fotoboek Boerewurk (2009) fêstlein.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1]