Kwartetspul
It Kwartetspul is in kaartspul dêr't by besocht wurdt kwartetten te foarmjen - groepen fan fjouwer kaarten dy't byelkoar hearre.
Skiednis
bewurkje seksjeIt spul is in fariaasje op Fiskje, wat oarspronklik mei gewoane spylkaarten spile waard. Foar de Wrâldtentoanstelling fan 1851 waard troch John Jaques yn London it earste kwartetspul útjûn, ûnder de namme Happy Families, mei alve kwartetten spesjale kwartetkaarten. Wat oars wie by dit nije spul wie dat der, om groepen te foarmjen, nei spesifike kaarten frege wurde moast, dêr't by Fiskje frege wurdt nei alle kaarten fan in groep.
Tema's
bewurkje seksjeSûnt it earste spul hawwe der ferzjes west mei acht oant tweintich kwartetten. Ornaris hawwe dy kaarten en kwartetten in spesjaal tema. Sa binne der bygelyks kwartetten fan stêden, dêr't alle kwartetten wiken fan de stêd binne. Oare tema's dy't faak brûkt wurde binne: bisten, planten, ferfier en lannen.
In Frysk kwartetspul mei as tema it libben fan Fryske greidboeren waard yn 1939 útjûn troch "De Blauwe Seilbokse". De ûnderwerpen wiene: I. It Folk op ‘e pleats, II. De Boere-huzinge, III. It Fé, IV. Maitiid op é pleats, V. De ungetid, VI. Lânwurk, VII. It Melken, VIII. Hersmis, IX. Yn ’t Bûthûs, X. It Fabryk, XI. Boere-organisaesjes, XII. Suvel-organisaesjes. De teksten wiene fan Douwe Hermans Kiestra en de foto's fan Johannes Doedes de Jong. It waard sa'n súkses dat nei de earste 23.000 eksimplaren der yn 1958 in twadde printinge kaam.
Sjoch ek
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - Kwartetspul
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Kwartet-útjeften yn de rin fan de tiid, HONGS (deade keppeling)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|