It Doarp Grou

(Trochferwiisd fan Doarp Grou)
Grou (plak)
[[|240px]]
Seilteken fan It Doarp Grou
Seilteken
Eigener Stichting Kommisje Skûtsjesilen Grou
Plak Grou (plak)
Werf Werf De Piip
Boujier 1909
Kleur brún
Lingte 19,36
Breedte 3,63
Holte 1,14
Djipgong 0,43
Skipper Douwe Azn Visser
Tonnaazje 44

It Doarp Grou is in skûtsje dat foar Grou meidocht oan it SKS-skûtsjesilen.

Yn de 19e iuw waarden al sylwedstriden hâlden troch de sylferienings Oostergo en Frisia. Mei troch Rommert Buisman waard yn 1929 de Kommisje Skûtsjesilen Grou oprjochte. De kommissie waard letter in stifting. Yn In 1957 kocht de kommisje krekt as yn Earnewâld en Snits in eigen skûtsje. De mienskip brocht fl 5.000,= op (in slompe jild yn dy tiid) om it skûtsje fan Bouke de Vries oan te keapjen. Yn 1958 waard besletten om in oar skûtsje te keapjen, earste skipper dêrop waard Ulbe Zwaga.

It hjoeddeiske skûtsje is boud yn 1909. Op 24 en 25 augustus 2009 is it 100-jierrich jubileum fan it Grouster Skûtsje It Doarp Grou fierd. Jierrenlang waard miend dat it fan 1900 wie. It ‘Piipster’ skûtsje soe fan de Pitersylster skipper Stienstra west hawwe. Yn de jierren 1958 – 1962 waard achter elkoar het kampioenskip binnenhelle mei skipper Ulbe Zwaga, dy't yn 1969 skipper waard op it skûtsje fan it Rekreasjesintrum "De Woudfennen".

Monumint skûtsje It Doarp Grou, fan Karianne Krabbendam, 2001

De Grouster kommisje woe dat Albert Wester, in betûft wedstriidsiler, him opfolge. De ledegearkomst fan de SKS besleat him gjin tastimming te jaan om it helmhout yn hannen te nimmen, wêrnei't de ‘mannen mei wite petten’ út protest harren skip oan de wâl holden. Yn 1972 kaam Ulbe Zwaga werom op Grou en hy waard fuortendaliks wer kampioen. Syn opfolger Joop Mink hat twa kear it kampioenskip ferspile troch protestsitewaasjes mei de bruorren Rienk en Lammert Zwaga.

Joop syn soan Berend is kampioen wurden mei it "Doarp Grou" yn 2000 en 2001. Yn 2001 starte er net op de slotwedstriid yn Snits, fanwegen swierrichheden mei de mêst. Dat levere him 14 strafpunten op. Mar syn foarsprong wie sa grut dat er dochs kampioen waard.

Douwe Albertsz Visser wie earder skipper fan it Drachtster skûtsje en waard fuortendaliks yn syn earste jier mei it "Doarp Grou" al kampioen.

  • 1957-1969 Ulbe Rienks Zwaga
  • 1969 net meidien
  • 1970–1972 Sipke Douwesz. Tjerkstra
  • 1972–1976 Ulbe Rienks Zwaga
  • 1976–1988 Joop Berendsz Mink
  • 1988–2004 Berend Joopsz Mink
  • 2005–no.. Douwe Albertsz. Visser

SKS kampioen

bewurkje seksje
Oantal Skipper Kampioen yn
  7 Ulbe Rienks Zwaga 1958 - 1959 - 1960 - 1961 - 1962 - 1967 - 1972
  2 Berend Joopsz Mink 2000 - 2001
  7 Douwe Albertsz. Visser 2005 - 2009 - 2014 - 2017 - 2018 - 2019 - 2023

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: