Linde
De Linde (Stellingwerfsk en offisjeel: De Lende) is in rivierke yn de gemeente Weststellingwerf, dat foar in diel de grins foarmet mei Stienwikerlân en Eaststellingwerf. Tusken it marke It Wide en it doarp Slikenboarch foarmet er de natuerlike grins tusken Oerisel en Fryslân. De boarne fan de Linde leit yn de buert fan Tronde. De rivier streamt besuden de rige doarpen Aldeholtpea - Wolvegea - Sonnegea - Aldetrine en benoarden de doarperige Boyl - Noardwâlde -Finkegea - Steggerda - Pepergea - Blesdike - Oldemarkt. By de Kúnder lei foar de oanlis fan de Noardeastpolder de mûning yn de Sudersee.
It rivierke leit yn in delling dy't yn it Saalien troch in gletsjertonge foarme is. Fan oarsprong is de Linde in sydtûke fan de Tsjonger. De delling is letter mei heechfean oergroeid rekke, dat oan de ein fan de 18e iuw ferfeante waard. Tusken 1922 en 1927 is de rivier kanalisearre. Yn de jierren tritich begûn de ûntginningsmaatskippij De Drie Provinciën dielen fan it dal fan de Linde te ûntginnen as projekt fan de wurkferskaffing. Yn 1933 kaam de Lindepolder klear.
Yn de jierren tritich waarden trilfeanen en blaugerslannen ûntdekt mei kenmerkjende plantesoarten as parnassia, grienknolorchis en feanmoasorchis. Dêrom woe It Fryske Gea se graach hawwe as natuergebieten. Yn 1938 waard it earste gebiet oankocht. Yn 2007 wie der al 785 hektare yn eigendom krigen, wêrûnder de gebieten Helomapolder, Driessenpolder, Gorterspolder, Botkereservaat, Unlân en Alde Streamdal. It reservaat wurdt troch It Fryske Gea Lindevallei neamd. It dal foarmet ek in ferbining tusken it nasjonaal park Wieden-Weerribben en it natuerreservaat Rottige Meente.
Yn 1672 waard bylâns de Linde de Lindeliny, ûnderdiel fan de Fryske Wetterliny, oanlein om biskop Bernhard fan Galen fan Münster te kearen. Dy liny rûn fan de Swartedyksterskâns bewesten Ien nei Slikenboarch. Bylâns de Linde binne de restanten de Bekhofskâns besuden Aldeberkeap noch te finen. As fedigening fan Fryslân is by in oanfal troch Bernhard fan Galen yn 1672 de Lindedelling blank setten.
-
De Linde tusken Wolvega en De Blesse
-
De Linde tichtby Ossensyl
-
De Lindedelling by De Blesse
Boarnen
bewurkje seksje- M. Schroor - De wereld van het Friese landschap, (Wolters Noordhoff 1993 ISBN 90-01-95519-3)
- D.T.E van der Ploeg -Door It Fryske Gea (It Fryske Gea 1993)