Swartedyksterskâns

De Swartendyksterskâns (ek Iener Skâns) is in skâns yn de Nederlânske provinsje Drinte (gemeente Noardenfjild). De skâns leit oan de wei fan Een nei Een-West en is frij tagonklik foar publyk. De skâns is ûnderdiel fan de Fryske Wetterliny.

Loftfoto fan de skâns (1920-1940)
Op de Swartendyksterskâns
ANWB ynfoboerd

De skâns is neamd nei de âlde dyk dêr't er oan leit, de Zwartendijk, no Schansweg, eartiids wie dat de iennichste trochgong fan it feangebiet tusken Fryslân en Drinte, dat it wie in wichtich strategysk plak. De skâns hat in (meast drûge) grêft en fjouwer bastions. De skâns is ien fan it stikmannich dat noch oerbleaun is út de Tachtichjierrige Oarloch.

Hy is boud yn 1593 yn opdracht fan Willem Loadewyk fan Nassau. Nei de Tachtichjierrige Kriich rekke er fertutearzge, mar yn 1672 koe er wer tsjinst dwaan fanwegen de oanfal fan de biskop fan Münster. Dêrnei is er stadichoan wer ferrinnewearre rekke.

Yn 1988 is de skâns restaurearre en yn 2002 binne de grêft en de brêge nij opmakke.
It wie doe eigendom fan stifting Ald Drinte. Nei't dy stifting opheft wie, yn augustus 2009, waard it eigendom oerdroegen oan de Stichting Het Drentse Landschap.

Keppeling om utens

bewurkje seksje