Haadmenu iepenje
Finkegea
Himrik fan Finkegea
gemeente Weststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 23
Ynwenners (2017) 197
Huzen 79
Koördinaten 52° 52' NB, 6° 7' EL
Netnûmer 0561
Postkoade 8393
Webstee {{{webstee}}}


Finkegea is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, súdwest fan Noardwâlde. It doarp hat likernôch 206 ynwenners (2007). Yn it doarp wurdt meast Stellingwerfsk praten. Der binne 79 wenningen, in tsjerke en in maneezje. De "Finkehoeve" is in groepsakkomodaasje mei tal fan fasiliteitten foar toeristen

Yn 1973 waard yn Finkegea de Nederlânske Feriening foar Frijwillige Eutanasy (NVVE) oprjochte.

Ynhâld

Ferklearring nammeBewurkje

Finke soe leech feanlân betsjutte kinne, mar yn Midden-Nederlân is in fink ek in minne turf. Tal fan plaknammen yn âlde feanstreken yn Nederlân binne gearstald mei ‘fink’. ‘Fink’ yn de betsjutting fan ‘lichte feansoarte’ wêrút ‘lichte turf’ makke waard. Dat de namme hat neat te krijen mei de fink as fûgel. It leit yn de reden dat Finkegea, ea lizzend tusken hege feanen lâns de provinsjegrins en de feangrûnen yn it dal fan de Linde, syn namme ûntliend hat oan de feanterij.

Yn de âldste oarkunden wurdt de plaknamme skreaun mei de begjinletter ‘F’, wat komd wêze kin troch de ynfloed fan it Frysk, wêryn't de ‘f’, de ‘v’ ferkringt.

It doarp is ea ‘Nije-Steggerden’ neamd as tsjerklik ôfhinklik fan it âldere Steggerda.

MienskipBewurkje

 
De tsjerke fan Finkegea yn 1965. De lantearne is wilens ferfongen troch in lege toer mei sealtek

It doarp hat gjin echte kearn, de measte minsken wenje in ein út inoar. Op earste peaskedei wurdt alle jierren in peaskefjoer makke.

TsjerkeBewurkje

  De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Finkegea.

Anno 2018 is de tsjerke kocht troch Stichting Behoud Finkegea en sil it gebou nei restauraasje fan de bûtenkant as mienskipshûs brûkt wurde. [1]

BefolkingBewurkje

StrjittenBewurkje

Noardwâlderwei, Schoollaan, Westvierdeparten, Suderwei.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frysk Deiblêd, Kerkgebouw Vinkega in de steigers, 1 april 2018