Nijeholtpea (Stellingwerfsk: Ni'jhooltpae) is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf. It doarpsgebiet leit oan 'e grins mei Eaststellingwerf yn it lân tusken Tsjonger en Linde op in útrinder fan it Drintsk plato yn in boskrike omjouwing en in typysk Stellingwerver kûlissenlânskip. Nijeholtpea leit tusken de twa kanalisearre rivieren De Linde en De Tsjonger (Stellingwerfsk: De Lende en de Kuunder). It groeven wetterke De Skene rint midden troch it doarp. Tusken De Linde en it doarp leit in hege sânrêch, dy't fan âlds De Sânen (De Sanen) neamd wurdt.

Nijeholtpea
Nikolaastsjerke
Nikolaastsjerke
Emblemen
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 510 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 8,65 km², wêrfan
- lân: 8,46 km²
- wetter: 0,19 km²
Befolkingsticht. 59 ynw. / km²
Oar
Postkoade 8675
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 54' N 6° 4' E
Lokaasje Aldeholtpea (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Lokaasje Aldeholtpea (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Kaart
Nijeholtpea (Fryslân)
Nijeholtpea

Nijeholtpea hat 510 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Yn het jier 1399 waard Nijeholtpade foar it earst yn geskriften neamd. Buordoarp Aldeholtpea waard yn 1204 foar it earst neamd, dan noch ûnder de namme Holenpath. De namme Holenpath betsjut ‘paad troch de leechte’. Yn 1320 wurdt it noch altyd sa neamd, dus sûnder de tafoeging ‘olde’. Blykber wie der doe fan Nijeholtpea noch gjin sprake en is it doarp as dochterdelsetting fan Aldeholtpea tusken it jier 1320 en 1399 ûntstien.

Nijeholtpea wie net it ienige doarp dat tusken Aldeholtpea en Aldeberkeap stifte waard. Fanút Aldeberkeap (Brocope) ûntstienen twa dochterdelsettingen: Ostbrocop (it hjoeddeiske Nijeberkeap) en Westbrocop (Westnijeberkeap). Westbrocop waard yn 1542/1543 noch as doarp neamd, mar gie letter op yn Nijeholtpea.

 
Stins Friesburch te Nijeholtpea
Jacobus Stellingwerf (1722)

It âldste gebou yn Nijeholtpea is de tsjerke út ûngefear 1525. De foar de reformaasje roomske tsjerke wie wijd oan de hillige Nikolaas. Yn de tsjerke hingje twa klokken út de jierren 1598 en 1611. De preekstoel en it oargel waarden yn 1883 makke. Under de houten flier lizze twa grêfsarken fan leden fan it skaai Lycklama à Nijeholt út 1627 en 1643. By de restauraasje yn 2010 die bliken dat de tsjerke ea fan hout wie. De houten stylen út de 15e iuw ûnder de kap binne doe weiseage en derfoar yn it plak kamen stienen muorren.

It doarp joech syn namme oan it geslacht Lycklama à Nijeholt, dat in lytse stins yn it doarp bewenne. Dy stins, mei de namme Friesburch en letter Leemburch neamd, stie oan de hjoeddeiske Vriesburgerwei. Gelderske troepen belegeren en ferneatigen de stins yn 1514. De famylje Lycklama à Nijeholt levere ferskate grytmannen foar sawol West- as Eaststellingwerf.

 
De Nije Stienze

Op 30 novimber 1933 waard de feriening Pleatslik Belang De Iendracht oprjochte. De feestkommisje en de fersierkommisje binne hjir út fuortkomd, se organisearje om de twa jier in doarpsfeest. Gearkomsten binne sûnt 2006 yn multyfunksksjoneel sintrum De Nije Stienze. VGTG ("Van Geert Tot Guije") is in buertferiening.

  De Wikipedy hat ek in side Nikolaastsjerke (Nijeholtpea).

Basisskoalle 't Holtpad is yn 'e maityd fan 2006 ferhuze nei it multyfunksjonel sintrum De Nije Stienze.

 
Byld De Takkemaeker

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2015 2020
Ynwenners 150 469 429 420 383 358 380 475 505

Binnenwei, Haadwei, Stellingenwei, Tsjerkedreef, Tsjerkewei, Vriesburgerwei.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Weststellingwerf  
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
  ·   ·