De Skene (Stellingwerfsk en offisjeel: De Scheene) is in feart yn de gemeente Weststellingwerf. De Skene is nei alle gedachten groeven tusken 1200 en 1300 as grins yn de sompen tusken de noardlike rige doarpen fan Weststellingwerf dy't oan de Tsjonger lizze en de súdlike rige doarpen dy't oan de noardkant fan de Linde lizze.

Slûs yn de Skene
Draaibrêge oer de Skene

De Skene rint fan Nijeholtpea lâns it pompstasjon tusken Teridzert en Aldeholtpea ûnder de A32 troch. Dan rint it njonken de Skenewei en it spoar Ljouwert-Swol en de suveringsynstallaasje oan de noardkant fan Wolvegea en benoarden Aldetrine troch nei de Rottige Meente en Spangea. De Skene hat in lingte fan mear as 15 kilometer. Yn it begjinpart boppe Aldeholtpea is de Scheene net folle mear as in sleat, mar yn it westlike part is it in feart fan mear as tsien meter breed.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: De Scheene – foto, fideo en harktriemmen