Finken binne ynsekten- en sieditende sjongfûgels fan it skaai Fringilla. De belangrykste en bekendste soarten binne de skelfink (Fringilla coelebs) en de kwêkfink (Fringilla montifringilla). Yn rommere sin wurde ûnder "finken" alle fûgels fan de famylje fan de finkfûgels (Fringillidae) begrepen.

Finken
Skelfink
Skelfink
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: fûgels (Aves)
skift: moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift: sjongfûgels (Passeri)
boppefamylje: (Passeroidea)
famylje: finkfûgels (Fringillidae)
skaai: finken (Fringilla)
Linnaeus, 1758

Tradisjoneel bestiet it skaai út trije soarten: de skelfink, de kwêkfink en de blaufink. De lêstneamde, dy't allinne op 'e Kanaryske Eilannen foarkomt, waard yn 2016 op basis fan ûndersyk opsplitst yn 'e Grankanaryske fink en de blaufink fan Teneryf. De stúdzjes toanden ferskillen yn genetika, sang en uterlik oan. In folgjende stúdzje op basis fan molekulêr ûndersyk toande yn 2021 oan dat der grutte ferskillen binne tusken de soarten op 'e ferskillende eilannen. Dêrom folge in nije yndieling fan 'e finken yn acht ferskillende soarten.

De acht soarten binne allegear likernôch like grut (14 oant 18 sm) en ferskille net in soad fan inoar.

Mantsje ♂ Wyfke ♀ Fryske
namme
Wittenskiplike
namme
Ferspriedingsgebiet Status
  Kanaryske fink Fringilla canariensis Kanaryske Eilannen noch net beöardiele*
    Skelfink Fringilla coeleb Europa, West-Aazje,
Noard-Afrika
net bedrige
    Madeirafink Fringilla maderensis Madeira noch net beöardiele*
    kwêkfink Fringilla montifringilla Europa, Aazje net bedrige
  Azoarenfink Fringilla moreletti Azoaren noch net beöardiele*
    Grankanaryske blaufink Fringilla polatzeki Gran Kanaria bedrige
    Afrikaanske fink Fringilla spodiogenys Noard-Afrika ûnbekend
    Blaufink Fringilla teydea Teneryf gefoelich

(*) Om 't de IUCN de fûgel noch as in ûndersoarte behannelet is de status noch net beöardiele.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Finken fan Wikimedia Commons.