Nieuwersluis
Nieuwersluis is in plakje yn de gemeente Stichtske Fecht yn de provinsje Utert.
It leit healwei Loenen oan de Fecht en Breukelen. Nieuwersluis is boud om in slûs tusken de rivier de Fecht en de Angstel.
Yn de oarloch tsjin de Spanjerts hie Nieuwersluis in fort krigen en yn 1672 hold it fort stân tsjin de oprukkende Frânske legers. Sûnt 1673 makke Nieuwersluis diel út fan de fersterking fan de Hollânske Wetterliny en yn 1850 waard it fort ûnderdiel fan de Nije Hollânske Wetterliny. Binnen it fort stienen ek pleatsen en Nieuwersluis koe dêrom beskôge wurde as festingdoarp.
Stasjon
bewurkje seksjeFan 1843-1953 hie Nieuwersluis in spoarstasjon, stasjon Nieuwersluis-Loenen, dêr't oant 1913 alle treinen, ek ynternasjonale, stoppen; de eigener fan it lângoed Sterreschans hie dit betinge by de ferkeap fan syn grûn oan de spoarwegen. Sûnt de oanlis fan it Merwedekanaal, dat yn 1892 yn gebrûk nomd waard, lei dit stasjon yn feite allinnich noch mar oan in pear stikken lân. Pas nei de Twadde Wrâldoarloch waard dit rjocht hielendal ôfkocht en in pear jier letter waard it stasjon sloopt.
Fan Pupilleskoalle nei Finzenis
bewurkje seksjeOan de oare kante fan de Fecht stiet yn Nieuwersluis de eardere Pupilleskoalle út 1877, oprjochte ûnder beskermhearskip fan Kening Willem III. Boppe de sintrale foardoar stiet de namme 'Pupillenschool' en boppe de beide foardoarren fan de hoekegebouwen stiet de W fan Willem.
Maksimaal 250 jonges fan 12 jier ôf krigen dêr les yn skriuwen, lêzen, rekkenjen, ierdrykskunde, skiednis, skriuwen swimmen en reedriden. As se 16 jier waarden gienen se nei de kriichstsjinst. Meastal hienen de âlden gjin jild om sels de opfieding te beteljen.
It begryp 'pupillen' wie yn Nederlânsk-Ynje ûntstien, dêr't Nederlânske soldaten faak bern krigen fan ynlânske froulju. Dizze bern bleauwen yn it kampemint. Yn Gomnong rjochte it 4de Bataljon yn 1845 in Korps Pupillen op, de kosten waarden droegen troch de offisieren. Bern krigen fan 5-jierrige leeftiid ôf ûnderrjocht, skoalsk mar ek militêr. Stadichoan hie dit eksperimint mear súkses en waard ek yn Nederlân bekend, sadat dit de foarrinder waard fan de Pupilleskoalle yn Nieuwersluis.
Letter waard dit in kazerne en waard dit it Militêr Penitinsjêr Sintrum Nieuwersluis neamd. Strafte militêren 'krigen' Nieuwersluis. De manlju moasten hurddrave nei Utert em dêr te swimmen, fierders krigen se swiere trenings mei stoarmbanen en sa.
Der is in twadde gebou, wat mei nei efteren lizzend, dat tsjinstwurdich brûkt wurdt as finzenis foar froulju. Ek oan de Ryksstrjitwei (tusken Amsterdam en Utert) stiet in âlde kazerne mei dêrby in bunker.
-
Pupilleskoalle
-
Haadyngong
-
Hoekegebou
-
Frouljusfinzenis
-
Brêgen
Ferskaat
bewurkje seksje- It plak hat tsientallen ryksmonuminten. Ten noardwesten fan it doarpke, fuort oan de A2 leit de Oukoper Mole, in poldermole út 1644.
- Oan de Breukelense kant fan Nieuwersluis is in biologysk ûndersykssintrum foar it swiete wetter. Dit is in ûnderdiel fan it Nederlânsk Ynstitút foar Ekology.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |