In oerstreaming is in barren dêr't in soad wetter út in see of mar plakken berikt dy't gewoanwei net ûnder wetter steane. As soks slimme foarmen oannimt wurdt sprutsen fan wettersneed of ramp. Lân dat troch in oerstreaming definityf ferlern giet, wurdt wol ferdronken lân neamd.

De Sint-Elisabethsfloed, 18-19 novimber 1421.
De Krystfloed fan 1717.
Oerstreamings yn Midden- en Súd Nederlân
Loftfoto fan Oude-Tonge op Goeree-Overflakkee nei de wettersneed fan 1953. Seediken brutsen doe troch om de Noardsee, wêrtroch't der allinnich yn Nederlân al 1836 slachtoffers foelen.
Oerstreaming van 1997 fan Alicante (Spanje)

Yn Nederlân en omlizzende lannen komme oerstreamings benammen troch de Noardsee, dy't troch stoarm opdreaun wurdt, dêr't diken troch trochbrekke kinne. Kombinaasje mei in springtij en/of hege wetterstannen yn de ûnderrin fan de grutte rivieren kin dat effekt noch fersterkje. By de lêste grutte stoarmfloed, de Wettersneed fan 1953, hie de kombinaasje fan in lang oanhâldende swiere noardwesterstoarm en in springfloed rampsillige gefolgen. It oerstreamingsrisiko kin fêststeld wurde mei help fan modellen.

Mar ek lâns de rivieren binne faker diken trochbrutsen. Ekstreme reinfal yn de boppestreamske gebieten of in soad teiwetter út de Alpen kin liede ta wetteroerlêst. Neist heechwetter kinne ek oare oarsaken ta oerstreamings liede, lykas dykfersakkingen troch lang oanhâldende drûchte. Oars as by in oerstreaming troch seewetter rint it rivierwetter yn heger lizzende gebieten nei ferrin fan tiid fansels wer fuort, mar kin wyls foar in soad skea en oerlêst soargje. Yn leger lizzende gebieten moat wetter út leechlizzende polders fuorttpompt wurde.

Troch in soad reinetter yn bercheftige gebieten kinne ek slimme oerstreamings barre yn leger lizzende delten. Under bepaalde omstannichheden kin ek it hurd teien fan snie op bergen liede ta oerstreamings.

Yn tropyske lannen kinne oerstreamings ûntstean troch de enoarme reinfal yn de moesson. Yn bygelyks Banglades hawwe dêrtroch meardere rampen west (ûnder oare yn 1989 en yn 2004). Seebevings kinne liede ta tsûnamys, floedweagen dy't grutte skea oanrjochtsje as se de kust reitsje. En yn 2006 hie East-Java te krijen mei in modderstream fan ekstreme grutte. Hjirby begûn de modder út de grûn te streamen nei boarring.

Yn Nederlân hawwe sûnt de Midsiuwen in soad oerstreamings út de see wei west. In soad krigen de namme fan de hillige waans dei it dy dei wie. Dêrtroch hawwe meardere floeden deselde namme krigen hawwe. In kar-út fan slimme stoarmfloeden:

Ut de grutte rivieren wei

bewurkje seksje
 
Oerstreaming fan 1855 yn Gelderlân

Lâns de grutte rivieren brutsen ek faak diken troch. Tusken 1750 en 1800 allinnich al 152 kear. Nei de oprjochting fan it 'Bureau voor den waterstaat' (de hjoeddeiske Rykswettersteat) yn 1798 naam dy frekwinsje ôf. Sûnt ein achttjinde iuw hienen de grutte rivieren acht kear te krijen mei hege wetterstannen. Seis kear late dat ta grutte dyktrochbrekken en oerstreamings. Dyktrochbrekken yn it rivieregebiet nei 1780:

Wetteroerlêst yn resinte tiden

bewurkje seksje

Yn 1993 soarge heechwetter op meardere plakken lâns de grutte rivieren - hoewol't der gjin diken trochbrutsen - foar in soad oerlêst. Yn 1995 folge wer in heechwetterweach. Dat wie de heechste sûnt 1926. Omdat twifele waard oan de stabiliteit fan de diken, waarden yn jannewaris 1995 binnen in wike tiid sirka 250.000 minsken evakuearre, en ek de komplete feebeslaggen fan de boeren yn it gebiet. Doe't nei in pear dagen it wetter sakke en der gjin diken beswykten koenen de evakuees werom. Neist brânwacht en leger waarden yn 1993 (17) en 1995 (60) spesjalisearre ienheden mei rêdingsflet en treende bemanning fan Rêdingsbrigade Nederlân (KNBRD) oproppen en ynsetten foar evakuaasje en helpferliening yn de oerstreamde gebieten.

Ek fûleinige reinfal hat sûnt ein 20e iuw meardere kearen foar wetteroerlêst soarge.

Eksperimintearjen mei diken

bewurkje seksje

Om dyktrochbrekken better te begripen wurde no mei opsetsin diken trochbrutsen. Dat bart op de Itichdyk, in laboratoarium dêr't diken yn boud wurde en fernield. Sensorsystemen lizze it hiele proses fêst. It ûndersyk nei de sensorsystemen sels foarmet de basis foar de ûntwikkeling fan in warskôgingssysteem foar dykfalen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: