Kosmas- en Damianusfloed (1477)
- Dizze side giet oer de Kosmas- en Damianusfloed yn 1477. Foar de Kosmas- en Damianusfloed yn 1509, sjoch: Kosmas- en Damianusfloed (1509).
De Earste Kosmas- en Damianusfloed op 27 septimber 1477 wie in stoarmfloed dy't de Noardseekusten yn de Dútske Bocht en fan Nederlân en Belgje trof. De floed is neamd nei de hilligen Kosmas en Damianus dy harren feestdei op 26 septimber is.
Yn East-Fryslân waarden guon diken troch de stoarm trochbrutsen. Ut it Reiderlân wei is bekend dat ferskate doarpen opjûn wurde moasten. Mei de Earste Kosmas- en Damianusfloed waard mei it ûntstean fan de Doalert úteinset. De floed fan 1477 jildt as ien fan de swierste stoarmen dy't de Nederlannen troffen. Benammen de kust fan Flaanderen waard swier troffen. Yn Seelân waard it doarp Arnemuiden ferwoastge en it slot Hellenburg by Baarland rekke swier skansearre.
De Sudersee waard fergrutte, en fersilte dêrtroch mear, om't de gatten tusken de Waadeilannen grutter waarden.
Literatuer
bewurkje seksje- Königlich Preußisches Meteorologisches Institut (Hrsg.): Abhandlungen. Band 2. Berlyn 1901, side 41.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Friedrich-Wilhelm Trottmann: Sturmfluten an der Nordsee ab dem Jahr 838. 10 maart 2012, oproppen op 9 maart 2014.
- 1509–2009: 500 Jahre Cosmas- und Damianflut. Die Entstehung des Dollarts. Heimatkundlicher Arbeitskreis e. V., oproppen op 9 maart 2014.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|