Kosmas- en Damianusfloed (1509)

De Twadde Kosmas- en Damianusfloed op 25 en 26 septimber 1509 wie in stoarmfloed dy't de Noardseekust fan de Dútske Bocht trof. De floed is neamd nei Kosmas en Damianus, dy harren feestdei op 26 septimber is.

De Doalert mei syn wiidste omfieming en de ynpolderings mei it jiertal fan de ynpoldering.
Dizze side giet oer de Kosmas- en Damianusfloed yn 1509. Foar de Kosmas- en Damianusfloed yn 1477, sjoch: Kosmas- en Damianusfloed (1477).

Yn East-Fryslân en de Ommelannen, lykas yn de greefskippen Hollân en Seelân, feroarsake de floed in soad skea, benammen yn de goaen Reiderlân en it Aldamt. De doarpen Torum, Wilgum, Fletum, Westerreide, Easterreide en it Kleaster Palmar moasten opjûn wurde.

De lettere kanselier fan de Hearlikheid Jever, Remmer von Seediek, skreau deroer yn syn kronyk fan Jeverlân:

"Yn it jier 1509, op de dei fan Kosmas en Damianus, wie der in grutte floed yn alle Nederlannen. Hy fernielde in soad diken yn Östringen en yn Wangerlân en benammen yn Rjustringen. Dêr brutsen grutte wielen yn en dy diken brutsen troch, safierhinne dat jonkhear Edo en syn lju twa jier genôch te dwaan hawwe, ear't dy diken fannijs opholpen binne".
Remmer von Seediek

De Doalert berikte syn grutste omfieming en ek de Jadeboezem waard folle grutter. By Emden ferskode de rin fan de Iems, sa't dy fierder fan de haven ôf begûn te lizzen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kai-Uwe Hanken: Dollartgold/ Historie - Das Ende und ein neuer Anfang (Memento fan 10 maart 2014 yn it Ynternet Argyf), oproppen op 6 septimber 2010.
  • Werner Brune (Hrsg.): Wilhelmshavener Heimatlexikon, Diel 1–3. Brune, Wilhelmshaven 1986–1987, Diel 1, side 175