Wettersneed fan 838
De Wettersneed fan 838 wie in stoarmfloed dy’t plak hie op twadde krystdei fan dat jier. By de stoarmfloed rûn in grut part fan Fryslân, yn it hjoeddeiske noardwest-Nederlân, ûnder wetter. Op dat stuit wienen der noch net in soad goeie diken, dat it wetter hie frij spul. It hat in wichtige oarsaak west fan de wettersneed. Likernôch 2.400 minsken kamen om it libben by dizze ramp.
De stoarmfloed wurdt yn twa ûnôfhinklike skriften neamd. It earste skrift komt fan de Frânske biskop Prudentius fan Troyes. It twadde skrift dat ferhellet oer de wettersneed komt út de saneamde Annales Xantenses, in Karolingysk wurk. Beide skriften hawwe it oer grutte oerstreamings mei as gefolch dat in grut tal plakken ferwoaste waarden.
In East-Fryslân ûntstie de Leybocht troch de stoarmfloed, in seeëarm by de stêd Norden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
* J. Buisman en A.F.V. van Engelen, "Duizend jaar weer, wind en water in de lage landen, deel 1 tot 1300", 2000 ISBN 90-5194-075-0 |