De Kûfurd
De Kûfurd is in mar op de grins fan de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren.
De Kûfurd | ||
De Kûfurd, OpenSeaMap 2023 | ||
geografy | ||
type wetter | mar | |
lokaasje | by Diken | |
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân / De Fryske Marren | |
koördinaten | 52°57N 5°41′E | |
ûnderdiel fan | De Kûfurd | |
kaart | ||
It is in langhalich mar. De mar is neamd nei de streek de Kûfurd dêr't ek it buorskip Koufurderrige yn leit. In furde is in plak dêr't boeren harren kij troch in wâd drifken. Boeren fan de eastkant fan De Kûfurd, út Diken, drifken simmerdeis harren fee troch de mar nei de greiden oan de oare kant. Troch De Kûfurd rint in sânopdûking, sawat fan Langwar nei Lippenwâlde, dy't de ûndjippe mar goed troch te wâdzjen makket. By de oanlis fan it Prinsesse Margrietkanaal is der lykwols in soal troch de sânopdûking groeven. Toponimen lykas 'Sângeast' en 'Sânsleat' ferwize nei deselde sânopdûking. Nei Lippenwâlde rint de opdûking troch nei Osingahuzen en Aldegea nei Sânfurd.
Oan de mar lizze gjin doarpen, dêrtroch is it fan minder grut belang foar de wettersport as bygelyks de Hegemer Mar en de Sleattemer Mar. De mar wurdt lykwols drok befearn, om't it Prinses Margrietkanaal der trochhinne rint. Fierders hat de mar goede ferbinings mei oare marren:
- De Hegemer Mar oer it Johan Frisokanaal troch de Jeltesleat;
- De Langwarder Wielen troch de Jaansleat;
- De Sleattemer Mar troch De Welle en de De Ie;
- De Jiskenhúster Mar en de Grutte Brekken fia it Prinses Margrietkanaal;
- De Snitser Mar fia it Prinses Margrietkanaal
Bûten it soal is de mar op in soad plakken te ûndjip foar de measte boaten.