De Ie (Wâldsein)
De Ie is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It wetter rint fan de brêge yn Wâldsein nei it suden en komt út yn de Sleattemer Mar. Oan de oare, súdlike, kant fan de Sleattemer Mar rint De Ie troch it Sleattemer Gat en de stêd Sleat fierder nei Teakesyl oan de Iselmar.
De namme De Ie jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Ee.