Súd-Limburch

(Trochferwiisd fan Súd-Limboarch)

Súd-Limburch is in lânstreek dy't it uterste súdlike part fan 'e Nederlânske provinsje Limburch beslacht. Yn 'e Midsiuwen foarme dat gebiet grutdiels de hearlikheid Falkenburch; letter makke it ûnderdiel út fan 'e Generaliteitslannen fan 'e Republyk fan de Feriene Nederlannen; fan 1794 oant 1813 stie ûnder Frânsk bewâld as part fan it Departemint fan de Nedermaas; en sûnt 1813 heart it ta de provinsje Limburch, dy't yn 1839 opdield waard yn in Nederlânsk en in Belgysk part. Troch it útstekken fan in diel fan Belgyske Limburch en fral ek fan it Dútske gebiet benoarden Aken, wurdt Súd-Limburch mar troch in hiele smelle lânkorridor mei de rest fan Nederlân ferbûn.

Súd-Limburch.

Súd-Limburch bestiet út 18 ûnderskate gemeenten:

De grutste stêd yn Súd-Limburch is de provinsjale haadstêd Maastricht, mei 121.000 ynwenners, folge troch Hearlen mei 89.000; Tsjerkrie mei 47.000; Sittard mei 38.000; Geleen mei 32.000; en Stein mei 26.000. Súd-Limburch stiet bekend om syn gloaiende heuvellânskip, dêr't foarhinne de Nederlânske koaleminen fêstige wiene. It heechste punt fan (Jeropeesk) Nederlân, de Faalserberch, mei in hichte fan 322½ m, leit yn it gebiet (al is it heechste punt fan hiel Nederlân no de Mount Scenery, op Saba, mei in hichte fan 887 m).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.