Faalserberch
De Faalserberch (Nederlânsk: Vaalserberg) is mei syn 322,4 meter boppe NAP it heechste natuerlike punt fan Nederlân[1]. De ‘berch’ leit yn de provinsje Limburch yn it úterste suden fan Nederlân by it Súd-Limburchske Faals. De berch hiet lang ferlyn Hubertusberch. Dêrmei is it noch net it heechste punt fan Nederlân, om't de top fan stjoermêst Lopik bygelyks op 367 m boppe NAP leit. De top fan de berch stiet bekend as Trijelannepunt, omdat Nederlân, Belgje en Dútslân hjir oan elkaar grinzje. Op de top stean twa útsjochtuorren; oan de Nederlânske kant de Wilhelminatoer en oan de Belgyske kant de Kening Boudewyntoer. At yn 2010 de nije steatkundige herfoarmingen yn it Keninkryk fan de Nederlannen ynfierd wurde sille, sil Saba in bysyndere gemeente fan Nederlân wurde. Fan dat momint ôf sil Mount Scenery it heechste natuerlike punt fan Nederlân wêze, en de Faalserberch har status as heechste berch fan Nederlân ferlieze.
Trijelannenpunt
bewurkje seksjeDe Faalserberch is ferneamd om it trijelannenpunt. Ut alle hoeken fan de wrâld komme minsken nei de Faalserberch ta om dit te besjen. Op de top fan de berch komme de grinzen fan Dútslân, Belgje en Nederlân byelkoar. Op himsels binne der mear trijelannenpunten yn de wrâld, mar it trijelannenpunt op de Faalserberch is in útsûndering yn dat it goed berikber is.
Fjouwerlannenpunt
bewurkje seksjeDe Faalserberch hat sels in skoftke in fjouwerlannenpunt west. Yn de tiid fan Neutraal Moresnet, tusken 1815 en 1919, kamen de grinzen fan Moresnet op de Faalserberch út. Fan 1815 ôf foarmen dy dêr in trijelannenpunt mei Dútslân en Nederlân. Doe't yn 1830 Belgje ûnôfhinklik waard fan Nederlân waard ek dy grins nei itselde punt lutsen, wêrtroch it punt in fjouwerlannenpunt waard. Yn 1919 waard Neutraal Moresnet tafoege oan Belgje en waard it punt wer ta in trijelannenpunt.
De Fjouwergrinzenstrjitte yn Faals is noch in ferwizing nei dizze tiid.
Toerisme
bewurkje seksjeOp de berch steane twa útsjochtoeren. De Wilhelminatoer op Nederlânske boaiem en de Kening Boudewijntoer op Belgyske boaiem. Tichteby it trijelannepunt is ek in labyrint op de berch, mei symboalen fan de trije lannen der yn ferwurke.
Grinzen
bewurkje seksjeDe grinzen tusken Dútslân, Belgje en Nederlân binne op de Faalserberch fisueel te besjen. Yn oare situaasjes is in lânkaart nedich om te sjen wêr de grins rint, mar hjir is dêr gjin ferlet fan. De grins is te sjen troch de parallel oan de dyk, wat in oerbliuwsel is fan de lânwar. De lânwar waard yn 1388 as grinsmarkering oanlein om it keizerryk fan Aken hinne. Derneist wie it in ferdigeningsliny tsjin plonderders en feedieven.
Smokkelders
bewurkje seksjeOant it begjin fan de 20e iuw ta waard der folle smokkele by de Faalserberch. Minsken út Faals hieten dan ek wol Grensülle (Grinsûlen), om’t se midden yn de nacht, kreklyk as in ûle, fuort gongen om te smokkeljen nei Dútslân en Belgje.
Hurdfytsen
bewurkje seksjeDe helling is faker opnomd yn de hurdfytsklassiker Amstel Gold Race. De klim wurdt dan ienris betwongen oer de Nederlânske side (eastside), as alfte klim nei de Camerig en foar de Gemmenicherwei. Yn de Amstel Gold Race wurdt de helling oantsjutten as Trijelannenpunt. It hichteferskil yn Heuvellân is 110 meter, de lingte 2600 meter en it stigingspersintaazje is 4,2 % (de steilste kilometer 9%).
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|