Jacobus Sibrandi Mancadan
Jacobus Sibrandi Mancadan (wierskynlik Minnertsgea, 1602 - Tsjerkgaast, 4 oktober 1680) wie in Nederlânske skilder en boargemaster.[1]
Libben en wurk
bewurkje seksjeDe lânskipskilder Mancadan waard nei alle gedachten berne yn Minnertsgea. Hy troude mei Elske Matthijs fan Stiens op 8 juny 1634. Hy wie skilder yn Frjentsjer (1634 - 1644), Ljouwert (1645 - 1669) en nei it ferstjerren fan syn frou, by syn dochter Eabeltsje, yn Beetstersweach[2] hoewol't er ek yn dy lêste perioade in went yn Ljouwert oanhâlde.[1]Yn syn Frjentsjerter tiid wie er ek inkelde jierren boargemaster fan dy stêd.
Neffens de moade fan syn tiid, skildere Macadan faak Italjanisearre lânskippen. Men is der net wis fan at Macadan sels in stúdzjereis nei Itaalje makke hat, mar hy hie wol kunde oan it wurk fan skilders dy't op dy wize harren lânskippen skilderen, sa as Cornelis van Poelenburgh en Bartolomeus Breenberg. Itselde jildt foar syn Skandinavyske lânskippen: hy hat der nea west, mar hat wol foarbylden fan oaren sjen kind, bygelyks dy fan Allart van Everdingen (1621-1675).
Mancadan skildere fierders de ûntginning fan it heechfean yn Wildervank (sjoch ôfbyld) en lânskippen mei boerespultsjes fan súdeast Fryslân. Hy wie sels ek in ûntginner fan fean. Hy hie belangen yn it feangebiet fan eastlik Fryslân en liet ûnder oaren it Ald Djip nei Sigerswâld grave.[3] Mancadan kaam te ferstjerren yn 1680 in Tsjerkgaast, mar waard begroeven op it Aldehouster tsjerkhôf yn Ljouwert.[3]
Fan 20 jannewaris o/m 8 april 2001 waard yn it Frysk Museum in útstalling oan syn wurk wijd mei as titel: Jacobus Sibrandi Mancadan. Dè Friese landschapsschilder uit de Gouden Eeuw.[1][4] Oar wurk fan Macadan sit yn de samling fan it Mauritshûs yn Den Haach.
Galery
bewurkje seksje-
Untginning fan it heechfean, fermoedlik yn de omkriten fan Wildervank, ± 1650
-
Geiten yn berchlânskip
-
Rivierlânskip
-
Berchlânskip mei harders, 1602
-
Boeren mei fee by klassike ruïnes
Kolleksje Goudstikker
bewurkje seksjeTrije fan Macadan's skilderijen út it Frysk Museum hearden ta de kolleksje Goudstikker en binne yn 2006 weromjûn oan de erfgenamten fan de joadske keunsthanneler Goudstikker.[5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jacobus Sibrandi Mancadan fan Wikimedia Commons. |