Pieter Boomsma
Pieter Boomsma (Sondel, 25 desimber 1941) is in Nederlânsk predikant. Hy wie fjouwer jier foarsitter fan de synoade fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en fiif jier direkteur fan de kristlike jongereinorganisaasje Youth for Christ. Tegearre mei syn frou hat Boomsma fiif bern. Ien dêrfan is telefyzjepresintator Arie Boomsma.
Libbensrin
bewurkje seksjeDe heit fan Boomsma, Koos Boomsma, siet yn de Twadde Wrâldoarloch yn it ferset. Hy wie kommandant fan it distrikt Snits fan de Lanlike Ûnderdykorganisaasje. Op moandei 6 novimber 1944 waard hy deasketten troch de Dútsers.
Boomsma studearre oan de HBS en siet dêrnei fjouwer jier by de loftmacht. Dêrnei folge hy de stúdzje teology oan de Frije Universiteit yn Amsterdam. Yn dizze tiid wie hy belutsen by de kristlike studinteferiening Ichthus. De lêste jierren fan syn stúdzje kombinearre Boomsma mei de funksje fan stêfwurker by de studintekoepel IFES. Yn septimber 1973 waard hy befêstige yn syn earste gemeente yn Marken. Yn 1977 folge hy George Brucks op as direkteur fan Youth for Christ. Yn dizze tiid hie Boomsma te krijen mei krityk fan it COC dat de jongereinorganisaasje tsjin homo’s wie. Se presintearren sadwaande in swartboek. Letter joegen se ta in grut diel fan de bewearingen optocht te hawwen. Yn 1978 waard Boomsma predikant yn in gemeente yn Stiens. Ek wie hy ien dei yn de wike predikant yn de Grifformearde Tsjerke fan Hijum-Feinsum.
Yn 1985 waard hy lid fan de lanlike synoade en fan 1991 oant 1995 foarsitter. Yn dy kwaliteit wie hy belutsen by it Samen-op-Weg-proses. Boomsma makke ûnder mear mei it Grifformearde Bûn út it proses stapte. Dit fûn hy persoanlik slim, omdat hy ynienen foar minsken oer stie dêr’t hy mei op ien leauwensline siet.
Boomsma waard yn 1988 befêstige as predikant yn Apeldoorn en yn 1997 yn Nijverdal. Yn 2006 gie hy mei emeritaat. Hy hâlde geregeldwei sprekbeurten yn it lân. Boomsma waard foarsitter fan de Stichting Leprasinding Nederlân en foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen fan it Friesch Dagblad.
Fan syn hân ferskynden publikaasjes as Fantastisch geloven (1993); God, van wie allemaal? (1997); Het doet je altijd wat (1999); en hast 25 jier kollumns yn Centraal Weekblad. Tegearre mei syn soan Arie skreau hy yn 2005 it boekje De Bijbel, wat vind jij?. Hjiryn behannelt hy fragen dy’t de jongerein stelt oer de Bijbel en God. Yn 2006 ferskynde Weerwoord, dat mei Arie en in oare soan, Klaas, skreaun wie. Boppedat yn 2006 'Geloven op maandag', in bondel kollumns.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|