Swaaigat

pleatslike ferbreding fan in rivier, feart of greft

In swaaigat of swaai is in pleatslike ferbreding fan in rivier, feart of greft, dêr't skippen dy't langer binne as de breedte fan de feart keare kinne. De namme is ôflaat fan de beweging dy't in skip makket by sa'n draai maakt en de foarm fan it wetter. Troch de oanwêzigens fan in swaai kinne in protte plakken oan dearinnende farwegen dochs berikt wurden troch gruttere skippen. Het manûvrearjen yn in swaaigat freget faak de nedige stjoermanskeunst.

In swaaigat (winding hole) yn it Worcester en Birminghamkanaal